Wêrom’t polityk lofts net mear oantreklik is

july 17, 2017 14:18

“Polityk lofts hat nea hielendal dúdlik makke hoe’t it oer geweld tinkt.” Dat seit Helmut Willems, heechlearaar sosjology oan ’e universiteit fan Lúksemburch. Willems is saakkundige op it mêd fan jongereinbeweging, sosjale konflikten en politike aktiviteit.

“Undersyk nei politike sosjalisaasje lit sjen dat opfallende foarfallen, lykas de protesten tsjin ‘e G20, beskiedend binne foar de fraach wêr’t jonge minsken by hearre wolle.” Hy leit út dat it sjen fan it gewelddiedige protest derta liede kin dat jongelju har fan lofts ôfkeare, mar ek dat hja dertroch radikalisearje kinne.

Loftse solidariteit

Willems hat yn Dútslân ûndersyk dien nei de miening fan aktivistyske loftse jongelju oer geweld. Hy seit dat se yn prinsipe tsjin geweld binne, mar dat se in útsûndering meitsje foar de plysje, “om’t wy dy eins net as minsken beskôgje.” De solidariteit yn ’e loftse protestbeweging makket neffens him ek dat jongelju dy’t geweld ôfwize by konfrontaasjes mei de plysje dochs foar de gewelddiedige demonstranten kieze en net foar de plysje.

Foltiid-aktivist

Loftse jongelju binne neffens Willems oars as âldere minsken dy’t harsels ek ‘lofts’ neame. Hja jouwe dat neffens syn ûndersyk ek eksplisyt oan. Se binne fan betinken dat it âlde lofts dogmatysk is en tefolle oan partijen hinget. Willems: “Guon jongelju ha tsjin ús sein: aktyf lofts te wêzen is in foltiidbaan foar my.” Yn Dútslân spilet noch mei dat in protte loftse jongelju fûler wurden binne troch striid mei ekstreem-rjochtse jongelju. Willems: “Dat hat der as gefolch, as útdaging en as fijânbyld sterk ta bydroegen dat der in loftse identiteit ûntstie.”

Net oantreklik

De negative berjochten yn ’e media binne neffens Willems net goed foar de loftse saak. Hy seit: “Jonge minsken dy’t dwaande binne mei it ûntwikkeljen fan in politike identiteit en harren ôffreegje hoe’t se wat dwaan kinne foar grutte tema’s lykas it miljeu en de minskerjochten, knappe ôf op lofts. Want se wolle net by radikalen en reboeljemakkers hearre.” Hy wiist der ek op dat it jong-lofts troch it ôfwizen fan diskusje net slagget om ûntefreden minsken by harren beweging te beheljen, wylst ekstreem-rjochts dat wol foarinoar kriget.

In wiidweidich fraachpetear mei Willems is ferskynd op it webstee fan Die Zeit. Klik hjir om it te lêzen

july 17, 2017 14:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*