Utjouwerij Friese Pers is fallyt

juny 21, 2017 00:26

De útjouwerij Friese Pers Boekerij / Noordboek is fallyt. Dat is yn ferskate Gelderske media te lêzen. It fallissemint is op 13 juny útsprutsen. Hoewol’t de útjouwerij offisjeel fêstige is yn Tiel, wie er benammen aktyf yn Noard-Nederlân. In soad boeken fan ‘e útjouwerij hawwe te krijen mei Fryslân, Grinslân en Drinte. Bekende Fryske skriuwers lykas Koos Tiemersma, Durk van der Ploeg en Willem Schoorstra hawwe wurk by de Friese Pers Boekerij / Noordboek útjûn.

De Friese Pers Boekerij / Noordboek is ûntstien út de eardere útjouwerijen fan ‘e Ljouwerter Krante en it Deiblêd fan it Noarden. Der wie noch altyd in nauwe gearwurking mei dy twa kranten. Skriuwster Hanneke de Jong, dy’t ek by de útjouwerij yn it fûns sitten hat, skriuwt op Facebook: “Krekt op tiid in nije útjouwer. Oars soe it de fjirde kear wêze.”

Op it webstee fan ‘e Friese Pers Boekerij / Noordboek is noch neat te lêzen oer it fallissemint.

juny 21, 2017 00:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*