Tsjerkepaad 2017: Rome en Reformaasje

juny 22, 2017 08:20

Fan ’t simmer sil de doar fan in soad tsjerken yn Fryslân op sneontemiddei wer iepenstean. Sûnt 2004 is dat yn in alle jierren wer grutter tal doarpen en stêden it gefal. De stichting Tsjerkepaad hat yn dy jierren in besinningstoerisme op gong brocht dat net mear wei te tinken is. De besikerssifers leare dat dêr in enoarme belangstelling foar is.

De iene is nijsgjirrich nei it ynterieur fan de gebouwen dy’t oars inkeld op snein en foar begraffenissen iepen binne. In oarenien wol de sfear priuwe troch him in skoftke del te jaan yn in tsjerkebank. In soad belangstelling bestiet der foar de skiednis fan it gebou en de attributen dêryn en fan de mienskip dy’t dêr, faak al iuwen, yn gearkomt. Oaral steane frijwilligers ree om in rûnlieding te jaan of om op fragen yn te gean. Gauris is der in gastfrije ûntfangst mei in bakje kofje of tee.

It sintrale tema is dit jier ‘Rome en Reformaasje’, ynjûn troch it feit dat it dit jier fiifhûndert jier lyn is dat Martinus Luther syn 95 stellingen op de doar fan de slotkapel yn it Dútske Wittenberg spikere en dêrmei in herfoarming fan it leauwe proklamearre. Dy reformaasje, dy’t ta in brek mei de tsjerke fan Rome late, soe ek grutte ynfloed krije yn ús lân. In soad âlde tsjerkegebouwen tsjûgje dêrfan.

Yn in soad plakken wurde op de sneonen yn july en augustus spesjale aktiviteiten keppele oan de besichtiging fan de tsjerke. It wêr en wat sil tsjin 1 july te finen wêze op www.tsjerkepaad.nl. Under de downloads is de lêzing Rome en Reformatie fan Jan Dirk Wassenaar te finen dêr’t er mei foarbylden yn beskriuwt hokker gefolgen de reformaasje op ferskate tsjerke yn Fryslân hân hat.

Op sneon 24 juny wurdt Tsjerkepaad 2017 offisjeel en mienskiplik iepene yn Ljouwert, yn de Sint-Bonifatiustsjerke oan de Foarstreek en de Fermoanje oan de Wurdumerdyk. De sintrale ôfsluting sil ek yn Ljouwert wêze: op 16 septimber yn de Huzumer Doarpstsjerke.

juny 22, 2017 08:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.