Rêsthûs – gedicht fan Sjoerd F. Talsma

juny 10, 2017 07:00
It ûndersteande gedicht krigen wy tastjoerd nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen.
Mear gedichten en ferhalen binne wolkom. Wy sette alle sneonen ien yn de rubryk Ferdivedaasje. Redaksje It Nijs

Rêsthûs

It fertriet sit noch djip,
want Afke is no allinne
en dêr fynt se neat oan,
har man net om har hinne.

Eartiids woene se wol,
beide, as it sa fier is
in plakje yn it rêsthûs,
mar dat rint se no mis.

Kin harsels net mear rêde,
fersliten, wrak en âld.
In oerke help deis, oars
fan ien dy’t fan har hâldt.

Se is oan rêst ta,
mar is noch net oan bar.
Se moat dus wachtsje,
rêste docht se thús mar.

Ear’t se nei it ‘hûs’ mei
dêr’t dy âlde sloven binne,
moat se al krankjoarum wêze,
of allinne mar lizze kinne.

Soargsume froulju binn’ dêr,
hja skreppe dei en nacht
om âlde stakkerts te helpen,
mar Afke sit yn ’e wacht.

Tiden binne gâns feroare,
mar dit is no har lean.
Se sjocht der slim tsjinoan
om nei it ‘stjêrhûs’ ta te gean.

Sjoerd F. Talsma

juny 10, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.