Oanslach mei buske op moskeegongers yn Londen

juny 19, 2017 08:00

Foto: morguefile.com

Yn Londen is in buske by in moskee ynriden op fuotgongers. Ien man is omkaam en tsien minsken binne ferwûne rekke, fan wa’t der acht nei in sikehûs brocht binne. Boargemaster Khan sprekt fan “in freeslike terroristyske oanslach, rjochte op ûnskuldige minsken”. De 48-jierrige bestjoerder fan it buske waard oermastere troch omstanners en dêrnei arrestearre troch de plysje.  De fertochte is nei in sikehûs brocht. Dêr wurdt ûnder oare syn geastlike tastân ûndersocht.

De oanfal wie krekt nei 01.00 oere Nederlânsket tiid yn Finsbury Park, in wyk yn it noarden fan de Britske haadstêd. De moskee dêr’t de slachtoffers west hiene, is ien fan de grutste moskeeën fan Grut-Brittannië. Hja waarden oanriden doe’t se it gebou útgongen nei it ramadan-nachtgebed. Oer de eftergrûn fan de fertochte is noch neat bekendmakke. “Wy witte noch net alle details”, skriuwt boargemaster Khan op Facebook. “Mar dit wie dúdlik in opsetlike oanfal op ûnskuldige ynwenners fan Londen.” De Muslim Council of Britain sprekt op Twitter fan “in died fan islamofoby”.

juny 19, 2017 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*