Man (22) om it libben kaam nei brân yn studintehûs Ljouwert

juny 19, 2017 09:07

By in brân yn in studintehûs yn de Emmanuel Murandstrjitte is moandeitemoarn betiid in 22-jierrige man om it libben kaam. De man waard út de wenning helle en nei it sikehûs brocht, mar dêr is er oan syn ferwûnings ferstoarn. In twadde bewenner fan it hûs is ferwûne rekke, oaren koenen op ‘e tiid út it gebou komme.

Yn totaal rûnen fiif huzen in soad skea op by de brân. Dy binne net bewenber troch brân, reek- en wetterskea. Foar de oare bewenners is opfang regele. De plysje docht ûndersyk nei it ûntstean fan de brân.

Boarne: Omrop Fryslân

juny 19, 2017 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*