Lyk fûn by kantoar Ried fan de Fryske Beweging (bywurke)

juny 19, 2017 11:32

De plysje hat moandeitemoarn it stoflik omskot yn Ljouwert fan in man oantroffen.

It lyk lei op ‘e stoepe op ‘e krusing fan it Fliet en it Keetwaltje, deun by it kantoar fan de Ried fan ‘e Fryske Beweging. Dy is fêstige oan Keetwaltje 1.

Hoe’t de man omkommen is, is net bekend. De plysje lit seksje ferrjochtsje. It Fliet is tydlik ôfsletten foar ferkear.

UPDATE:
Neffens Omrop Fryslân nimt de plysje oan dat de man fan in balkon fallen is. Syn identiteit is noch net bekend.

Op dizze strjithoeke waard it stoflik omskot fûn.

juny 19, 2017 11:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes juny 19, 16:50

    No it giet mar frjemd by de Fryske beweging. Sa rêstich is it nea net west, mar in lyk foar de doar sit meastens net folle beweging mear yn. It joech in opskuor en alle ynstânsjes wiene ynienen warber. Spitich dat in minske wei waar en op sa’n bjusterbaarlik plak. Lit him yn neitins wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*