Literêre rûte Feanwâlden

juny 7, 2017 18:53

Jo gids op 10 juny

Op sneontemiddei 10 juny 2017 hâldt literêr tydskrift ensafh in literêre rûnlieding troch Feanwâlden en omkriten. De start is om 14.00 oere, op ’e fyts, by it stasjon. De gids is Jelma Knol, ynwenner fan Feanwâlden en redakteur fan ensafh. De tocht duorret sa’n oardel oere.

Feanwâlden is in echt skriuwersdoarp. De tocht giet fansels by in pear plakken lâns dy’t in rol spylje yn it wurk fan Theun de Vries, mar benammen al dy oare Fryske skriuwers, dy’t hjir wenne hawwe of wenje, komme no ris oan bar, fansels mei harren wurk: Durk van der Ploeg, Lipkje Post-Beuckens (Ypk fan der Fear), Douwe Kootstra, Bertus Klazinga, folksdichter Tsjipke Postma en oaren.

De gids fertelt ek wat oer it ferline fan it doarp, wat sei, sels de minsken fan 7000 jier lyn wurde op de tocht even goeiedei sein en dêrnei komme de dielnimmers al gau by it ‘âld tsjerkhôf’, it ferdwûne doarp Eslawâld.

Nei 10 juny stiet de rûte op de webside ensafh.frl foar al dyjingen dy’t de tocht nochris rêstich neikuierje of -fytse wolle. Dielname is fergees, de konsumpsjes oan ’e ein fan ’e rit binne foar eigen rekken. De finish fan dizze tocht is by Dûke Lûk yn Feanwâldsterwâl.

Oanmelde kin troch te mailen nei redaksje@ensafh.nl.

Besjoch de poster yn pdf.

juny 7, 2017 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.