Kataloanië wol Skotlân yn de EU

juny 19, 2017 11:19

Skotlân moat de kâns krije om him oan te sluten by de Europeeske Uny. Dat hat de Katalaanske minister fan útlânske saken Raül Romeva sein yn in fraachpetear mei de Skotske krante The National.

“De Britten koene harren útsprekke yn it Brútstapreferindum en by de ferkiezings fan 8 juny”, sei Romeva. “No moat it regear foar alle lannen yn it Feriene Keninkryk betinke hoe’t dy harren winsken it bêste ferfolle wurde kinne.” In mearderheid fan ‘e Skotten woe by de EU bliuwe.

Romeva sei ek: “It stiet bûten kiif dat as Skotlân it demokratyske beslút nimt om in ûnôfhinklike steat te wurden, it lid wurde kin fan ‘e Europeeske Uny.”

Op 1 oktober wurdt der yn Kataloanië in referindum hâlden oer ôfskieding fan Spanje. De sintrale Spaanske oerheid ferset him dêr fûl tsjin, mar it Katalaanske regear is fan doel en set it referindum troch. “Trije op ‘e fjouwer Katalanen wolle sa’n referindum”, sei Romeva. “De takomst fan ‘e Katalanen is in saak fan ‘e Katalanen. As wy witte wolle hoe’t hja tinke oer sa’n fûnemintele saak, dan moatte wy it harren freegje. It is ús politike en persoanlike plicht om te harkjen en om de befolking in reaksje te jaan.”

juny 19, 2017 11:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*