Iepenloftspul De Omkearde Staking

juny 17, 2017 18:00 Fernijd

foto: Berend Drent

Yn it ramt fan it kultuerhistoarysk jier ‘Roerige tiden yn Smellingerlân’ sil yn Houtigehage it Iepenloftspul De Omkearde Staking opfierd wurde.

Begjin fyftiger jierren wie dêr grutte wurkleazens: it persintaazje lei fier boppe de lanlike trochsneed. De earmoede wie grut. Aldere wurkleazen sieten soms yn wurkferskaffingsprojekten lykas DUW (Dienst Uitvoering Werken) en fertsjinnen dêr noch wat mei. Wurkleaze jonge manlju sieten sûnder útkearing thús. Dochs wie der genôch wurk te dwaan: der wie in achterstân yn de útfiering fan iepenbiere wurken en it opknappen fan in oantal diken wachte al jierren op útfiering.

Der waard in unike aksje op tou set en in oantal wurkleazen gie út protest oan it wurk: de Parkwyk, in ûnbegeanbere wei as it reinde, waard oanpakt. Wurkleazen dy’t út harsels oan it wurk giene. Dat wie in omkearde staking. Soks ta grutte ferbjustering fan de autoriteiten. Op 21 jannewaris 1952 wie de omkearde staking in feit. Houtigehage kaam yn it nijs: der waard in ferslach publisearre yn De Waarheid, de partijkrante fan de CPN, de kommunistyske partij. It doarp stie op ’e kaart en fungearre as foarbyld foar omlizzende doarpen. Foar de provinsje en it gemeentebestjoer wie de omkearde staking oanlieding om no wol oan ’e slach te gean mei it útfieren fan de iepenbiere wurken.

Dat is allegear ferwurke yn in iepenloftspul. Dêr komt ek yn ta utering hoe’t ferskillende minsken út ien húshâlding oer de stakers tochten, de burokrasy en in stille leafde mei fiergeande gefolgen. Under lieding fan skriuwer en regisseur Wimpy de Vries wurdt it gehiel mei humor en realiteit opfierd!

De jûnsfoarstellingen binne op 30 juny, 1, 7 en 8 july om 20.30 oere; de middeisfoarstellingen op 2 en 9 july om 15.00 oere.
De wurdt spile by it Wâldhúske, Skoallewyk 10 yn Houtigehage.
Kaarten à € 5,00 binne te keap fia telefoan 06 2353 7264 en fia www.dorphoutigehage.nl

juny 17, 2017 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*