Frysk yn alle steaten

juny 22, 2017 22:02

Ik begjin sa stadichoan wurch te wurden fan lju dy’t neat fan it Frysk ha moatte ûnder it motto: werom brûke se net gewoan Nederlânsk!

Hja begripe net dat wy as Friezen rjocht hawwe om ús eigen taal op elts mêd te brûken. It is net om ’e nocht dat it Nederlânske parlemint it Frysk erkent as twadde rykstaal. Dan is it dochs normaal dat we dy taal brûke. Mar P.J. Zijlstra fynt it neffens de krante fan 13 juny “te gek voor woorden” dat steateleden in Nederlânske oersetting freegje moatte fan teksten dy’t standert yn it Frysk oanlevere wurde. Hy draait de saak om, it is krekt “te gek voor woorden” dat der steateleden binne dy’t it Frysk net behearskje!

Neffens my heart passive en aktive behearsking fan it Frysk in funksje-eask te wêzen foar steateleden (en lyksa gemeenteriedsleden en amtners), oars kinne se de belangen fan de Friezen nea goed behertigje. Yn België wurdt dochs ek fan lanlike politisy ferwachte dat se sawol Flaamsk as Frânsk ferstean en lêze kinne?
Lokkigernôch bin ik net de iennichste dy’t dat fynt, no’t sels de Kommissaris fan de Kening Frysk as syn earste taal brûkt. Ik tink dan ek dat lju as Zijlstra hieltyd mear beskôge wurde as beskamsume relikwyen út in tiid doe’t op it Frysk delsjoen waard as dat “efterbleaune boeretaaltsje”.

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

juny 22, 2017 22:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.