Fraachpetear mei Aggie van der Meer

juny 22, 2017 11:42 Fernijd

Aggie van der Meer

“It liket krekt oft it allegear hiel logysk is, mar dat is it krekt net.” (Aggie van der Meer oer Ho Wu en Misty Mac.)

Aggie van der Meer is op 2 septimber 1927 berne yn Boalsert. Se hat de analisteoplieding dien en in oplieding ta tekenlearares. Se krige in baan as learares tekenjen oan de iepenbiere Mavo yn Boalsert. Letter is se mei har man Herman in túnbedriuw begûn en hat se it hoveniersdiploma helle. Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en ien fan de inisjatyfnimsters fan Leefbaar Friesland. Foar dy organisaasjes skreau se in protte artikels yn ’e krante. Yn 1964 ferskynde by útjouwerij Osinga yn Boalsert it berneboek It kemiel fan omke Romke. Se publisearre ek gedichten yn de literêre tydskriften Hjir en Tzum en yn it digitale tydskrift Kistwurk.

Op lettere leeftyd begûn Aggie mear te skriuwen. Yn 2000 kaam by útjouwerij Frysk en Frij de dichtbondel De stêd, it bist, de ingel, mei as ûndertitel Balladeske út. Yn oktober 2004 is it, bewurke ta toanielstik, trije kear opfierd troch toanielgroep De Blaue Toer yn it Marne Theater yn Boalsert. Letter binne noch fiif toanielstikken fan har op ’e planken brocht. Har twadde dichtbondel Hân oan ’e muorre ferskynde yn 2002 en yn datselde jier debutearre se mei in roman: Lytse roman fan Jon Fels. Yn 2011 wûn se de troch de gemeente Ljouwert ynstelde Piter Jellespriis. De priis waard har takend foar fjouwer wurken út de perioade 2005-2009. Foaral har roman Oerfeart waard priizge troch de sjuery. Dêryn ferwurdet se oan ’e hân fan har famyljeskiednis de rol dy’t ymmigranten yn Fryslân spile ha. Underwilens binne tal fan boeken fan Aggie van der Meer ferskynd, wêrûnder de twatalige dichtbondel Tei-iizje / Lok-azen yn 2014 en de roman De Achttjin yn 2016. De Achttjin is yn datselde jier troch de Fryske útjouwers útkeazen om op de Frankfurter Buchmesse promoate te wurden. Yn 2016 kaam ek de novelle Ho Wu en Misty Mac út by útjouwerij Grotesk. Aggie wennet noch altyd yn Boalsert. Har man Herman is yn 2011 ferstoarn. Mei Herman krige Aggie ien dochter en fiif soannen.

Lês it petear by Literêr Tydskrift Ensafh.

juny 22, 2017 11:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*