Feie Fonyk: Kneppelwoansdei

juny 1, 2017 14:23

 

 

Spitigernôch wiene der ferline wike woansdeitejûn 24 maaie gjin keaplju op klompen, gjin plysje op hynders, gjin wetterkanon, gjin triengasgranaten, gjin fjochterij, de stiennen lizze noch yn de dyk en de ruten fan teäter Neushoorn sitte der noch yn. De Ried fan de Fryske Beweging sil net oars ferwachte hawwe.

Op inisjatyf fan de Ried en Jacco de Boer fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 waard der op dy jûn in teäter- en diskusjejûn holden yn Neushoorn te Ljouwert oer de posysje fan it Frysk yn it offisjele ferkear. De oanlieding is de wegering fan de belestingtsjinst om it Frysk te akseptearjen as taal yn de ferantwurding en jierferslaggen fan ANBI-ynstellingen. Frânsk, Dútsk en Ingelsk is gjin probleem, mar omdat eltsenien yn Fryslân ek Nederlânsk skriuwe kin, mei it Frysk net brûkt wurde. Soks neffens de taljochting fan ien fan de amtners. Sa stiet it net yn de wet, mar der stiet wol yn de wet dat it net allinne yn it Frysk mei.

Dat wie oanlieding foar de Ried om aksje te ûndernimmen. Der binne brieven nei it Ministearje fan Finânsjes en de belestingtsjinst stjoerd en Hindrik ten Hoeve fan de OSF-Earste Keamerfraksje hat steatssekretaris Wiebes oansprutsen oer dy misser yn de wet. It kontakt mei Jacco de Boer late ta de boppeneamde teäterfoarstelling, dy’t fersoarge waard troch Tryatermeiwurkers Tatiana Pratley en Nynke Heeg.

Der kaam gjin kneppel oan te pas.

It wie in tige slagge jûn, profesjoneel en kreatyf. Dat kin men sokken as Tatiana Pratley, Nynke Heeg en Jacco de Boer wol tabetrouwe. Yn de foarstelling waard referearre oan Kneppelfreed, mar de skriuwerij tusken de Ried en de ferskate ynstânsjes kaam ek oan bar. It publyk waard aktyf yn it teäterbarren behelle troch it te freegjen om him oer kwestjes oangeande it brûken fan de Fryske taal út te sprekken.

It publyk dat derop ôfkaam, wie it oer it generaal aardich mei-inoar iens. Guon sille net oars ferwachte hawwe. Fansels, soks jout in goed gefoel, mar it jout tagelyk de swakte fan de jûn oan. Ik hie leaver sjoen dat der yn stee fan tritich meistanners hûnderttritich tsjinstanners opdaagjen kommen wiene. Dan hie it mei rjocht in Kneppelwoansdei wurde kinnen, lykas op freed 16 novimber 1951. No stie der allinne yn de Ljouwerter Krante in aardich en posityf ferslach. Yn it oare gefal hie Tryater, Kulturele Haadstêd 2018, de Ried en de posysje fan it Frysk de lanlike media berikke kinnen.

De kommende tiid ferskynt der gjin Feie Fonyk.

 

 

 

juny 1, 2017 14:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*