Eroatyske ferklaaiersklean populêr yn oanrin hei heitedei

juny 17, 2017 17:00

Yn de oanrin nei heitedei nimt de hannel yn eroatyske ferklaaaiersklean gâns ta. Dat blykt út ferkeapsifers fan online ferklaaiwinkel Feestkleding365.nl, dy’t in opfallende stiging sjen lit by it ferkeapjen fan ‘eroatyske ferklaaikostúms’.

Seksy pakjes as heitedeikado
Alhoewol’t de measte minsken op heitedei harren heit bliid meitsje mei in pear nije toffels of in fles wisky, sjogge in soad froulju dy dei as in moaie kâns om harren sliepkeamerrituelen wat spannender te meitsjen.

Om heitedei hinne falt op dat in stik of wat seksy útmeunsteringen it hiel goed dogge. Bygelyks de dracht fan keamerfamkes, besteande út in klassyk koart jurkje, in huodsje of wat oars foar op ’e holle en in byhearrend ôfstofferke. Dat is ien fan de best ferkeapjende items yn de hiele winkel. Itselde jildt foar de ‘ûndogenske’ ferpleechsteroanklaaing. Dêrfan gie de ferkeap yn oanrin nei heitedei sels trije kear oer de kop.

Snústerijen
Oare útmeunsteringen dy’t it sokke dagen hiel goed dogge, binne pakken der’t in frommes deryn útsjocht as in loaihoars en kostúms yn de trant fan it wylde westen. Snústerijen lykas hânboeien, swipen en hoasbannen wurde gauris oan de ‘seksy’ bestellingen taheakke.

Ferbjustere
José Cabrera, eigener fan de winkel, is ferbjustere oer de rappe stiging: “It is nea earder sa hurd gien tsjin heitedei. Wy binne in winkel dy’t him foaral taleit op eveneminten as karnaval en bedriuwsfeestjes. Dêrom falt it sa op dat minsken ús ek witte te finen foar kadoos foar yn ’e sliepkeamer.”

Mear ynfo oer de top 5 meast-bestelde útmeunsteringen is te finen op: https://www.feestkleding365.nl/vaderdag

juny 17, 2017 17:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*