Earste Joop Mulder Plak útrikt

juny 18, 2017 07:00

De Joop Mulder Plak dy’t ferline wike optúgd waard as oantrún foar jonge makkers, is yn de lêste útstjoering fan Opium op Oerol troch Joop Mulder sels útrikt. It keunstnersduo Hart van Veen kriget mei syn ekspedysjeprojekt ‘Klankvoer – Hap van het Wad’ in bedrach fan € 10.673. Twatredde fan it jild sil stutsen wurde yn in nij projekt dat op Oerol 2018 te sjen wêze sil. Joop Mulder sil it duo by it ûntwikkeljen fan it nije projekt begeliede.

Joop Mulder: “It allerwichtichste by Oerol is de ûntjouwing fan it lânskip. Dat moat men priuwe, sjen, fiele, ensafuorthinne. It is fantastysk om te sjen dat dizze jonge makkers dat yn harren hawwe. De wize dêr’t Karin en Charlotte op omgeane mei it waad en dêr hiel harren tinken by ynsette is geweldich.” Ferbjustere en bliid namen de jonge makkers harren priis yn ûntfangst.

De Joop Mulder Plak sil de kommende jierren bestean bliuwe. Sa giet de oprjochter fan it festival troch mei it leverjen fan syn bydrage. Hy sil elk jier mei Oerol de Plak útrikke oan in projekt dat er sels útkiest. Dêrmei is de wrâld in fûns riker dat lânskip, kultuer en talint stipet.

juny 18, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*