Dútsk parlemint wol mear dwaan foar it Frysk

juny 3, 2017 19:40

De Dútske Bûnsdei wol mear dwaan om de minderheidstalen te stypjen dy’t fanâlds  yn Dútslân praat wurde. It giet om it Frysk, Nedersaksysk, Deensk, Sorbysk, Sinty en Roma.

De Bûnsdei, te ferlykjen mei de Nederlânske Twadde Keamer, prate freed oer it fiifentweintichjierrich jubileum fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. In protte parlemintsleden praten yn ’e gearkomste ien fan ’e offisjele minderheidstalen, wat foar de gelegenheid tastien waard.

Ferskate parlemintsleden wiisden derop dat it taalbelied yn Dútslân yn it foarste plak in taak is fan ’e dielsteaten, mar dat de sintrale oerheid ek in ferantwurdlikheid hie om de soms ferhûddûke lytse talen in slinger te jaan. In moasje fan ’e CDU en Die Grünen om sprekkers fan minderheidstalen mear te beheljen yn it nasjonale taalbelied waard stipe troch alle fraksjes. Fierder besleat de Bûnsdei om te sjen oft sprekkers fan minderheidstalen it rjocht krije moatte om foar de rjochtbank harren eigen taal te brûken. Dat rjocht bestiet op it stuit allinne foar sprekkers fan it Sorbysk yn de dielsteaten Brandenburch en Saksen. De Bûnsdei wol ek ûndersykje oft Sorbyske manlju en froulju tenei in ferskillende offisjele fan hawwe kinne. Yn it Sorbysk binne de manlike en froulike foarm fan famyljenammen nammentlik ferskillend, mar it Dútske rjocht stiet twa ferskillende foarmen net ta.

Bûnsdeilid Hartmut Koschyk rôp al syn kollega’s op om in petysje fan minderhede-organisaasje FUEN te stypjen. Dy organisaasje wol mei de petysje in diskusje oer de posysje fan minderheidstalen yn ’e Europeeske Kommisje ôftwinge.

juny 3, 2017 19:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Doeke Vaartjes juny 3, 23:45

    Dat lijkt er meer op Den Haag

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*