De Angelsaksyske selsmoard

juny 19, 2017 07:00


troch Sybren Singelsma

 

Neidat Napoleon de lêste restjes fan in midsiuwske ynrjochting fan de maatskippij opromme hie en ferfongen troch de sintraal bestjoerde ienheidssteat, waard dyselde steat yn de romantyk fersterke mei in nasjonaal idee en waard dy sawol kultuerdrager as útdrukking fan de folkswil, yn stee fan in grut lângoed sa’t dat oant Napoleon faak it gefal west hie.

Yn Grut-Brittannië gie dat lykop mei de earste yndustrialisaasje en in sterke hannelsgeast, dat it Britske ympearium as gefolch hie. De dominante militêre posysje yn de wrâld late ta in Pax Britannica, mar ek ta it idee dat de frije merkekonomy en in liberale demokrasy in soarte fan optimum yn de maatskiplike ûntwikkeling wêze soe.

De lettere dominânsje fan de Feriene Steaten fersterke dat allinne mar. De Pax Americana late ta in ferklearring fan de rjochten fan de minske en de oprjochting fan de Feriene Naasjes nei analogy mei de Amerikaanske grûnwet. Oare ynternasjonale organisaasjes – IMF, Wrâldbank, WTO, WHO – wurken yn dat model. Troch de fal fan de Sovjet-Uny like it Angelsaksyske wrâldbyld gjin konkurrinsje mear te hawwen en wie neffens Francis Fukuyama de ein fan de skiednis berikt.

Mei de Brexit en de ferkiezing fan Donald Trump as presidint fan de FS liket de Angelsaksyske wrâld ynienen de rêch ta te kearen nei alles wat him grut makke hat: yndividuele rjochten mei in liberaal polityk systeem, frijhannel en globalisaasje.

In demokrasy is mear as it gelyk fan 51% fan de kiezers, it is in systeem fan lykwicht tusken wetjouwing, beliedsútfiering en rjochtspraak dat derop rjochte is om nea oan immen de absolute macht te jaan, sadat it systeem úteinlik nei tefredenheid fan de oergrutte mearderheid fan de befolking funksjonearret. Earst as dy oergrutte mearderheid him weromken yn it systeem, sille boargers ommers loyaal oan it systeem wêze en boargerskip toane.

De Angelsaksyske wrâld liket it stribjen nei sa’n brede mearderheid ynruile te hawwen foar it folle beheinder belang foar de eigen groep (51% is genôch). Yn dy groep is alles mooglik ynklusyf oermjittich persoanlik selsferrykjen; wa’t der bûten falt hat maleur. Hie dy mentaliteit fan egoïsme en selsferriking al laat ta it ynstoarten fan it mondiale finansjeel systeem yn 2008, it liket der sterk op dat dyselde mentaliteit fan eigen en groepsbelang no te’n koste giet fan it demokratysk systeem.

Yn de FS lizze de foarbylden foar it opskeppen: belesting-, soarch- en ynfrastruktuerplannen dêr’t elkenien oan meibetellet, mar dêr’t spesifike groepen it meast fan profitearje. Yn it Feriene Keninkryk is mei it referindum oer de Brexit mei it lânsbelang omfodde om de Torys oan de macht te hâlden. It útskriuwen fan de resinte ferkiezingen wie ynjûn troch taktyk fan de Torys om fan in swaktemomint fan Labour profitearje te kinnen en de Brexit noch hurder útfiere te kinnen. Ferkiezingen binne ûnderdiel fan it demokratysk systeem; dy inkeld mar útskriuwe om in partij te befoardieljen is in deasûnde. In godsgeskink, dy les!

It bliuwt ferbjusterjend dat yn dy twa belangrike Angelsaksyske lannen it grutte publyk it akseptearret dat it respekt foar de ynstitúsjes ynruile wurdt foar it brûken fan dy ynstitúsjes foar groeps- of eigen belang. Tiid foar refleksje yn dy lanen, dat grif. Mar foar Europa ek, omdat troch de Angelsaksyske selfmoard de geopolitike wrâldoarder der oars út begûn is te sjen.

 

juny 19, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*