Bysûndere Havank-kolleksje nei Tresoar

juny 18, 2017 19:21

Havank yn 1944 (foto: Wikipedia/GaHetNa – Nationaal Archief NL)

Op 23 juny kriget Tresoar in bysûndere kolleksje oerdroegen. De Sieuske Havank-samler Peter H. de Dreu (Goes, 1939) komt dy dei nei Tresoar en skinkt syn folsleine Havank-kolleksje, yn totaal 800 titels en mear as tsien meter boeken. It kontakt mei De Dreu is ûntstien fia de Stifting Mateor, oprjochte yn 1995, dy’t him ta doel stelt it kulturele erfgoed fan en de neitins oan Havank te behâlden. De oerdracht sil wêze op de dei foar de jierlikse Havank-dei yn Ljouwert.

Peter H. de Dreu is al fan 1961 ôf in leafhawwer fan de boeken fan Havank. Hy waard grepen troch de yntrigearjende titels fan de detektives en it bysûndere taalgebrûk fan Havank, pseudonym fan Hans van der Kallen (Ljouwert, 1904-Ljouwert, 1964). Haadpersoan fan dy detektives is De Schaduw, dy’t der ûnkonvinsjonele opspoaringsmetoaden op nei hâldt. De samling omfettet omtrint alle edysjes dy’t ferskynd binne fan alle Havankboeken. Nei de dea fan Havank hat Piter Terpstra oant 1985 in oantal detektives útbrocht mei De Schaduw yn de haadrol. Peter H. de Dreu hat sels ek in boek yn dizze rige skreaune, Schaduw’s impressionist (2012).

De kolleksje omfettet ek de Havank-boeken dy’t detektiveskiuwer Thomas Ross skreaun hat. Dêrnjonken wurde boeken oer de skriuwer Havank sels oerdroegen. Bysûnder yn de kolleksje binne de twa fellen postsegels dy’t De Dreu ûntwurpen hat by gelegenheid fan de 100-ste stjerdei fan Havank yn 2014 en de Piter Terpstrapostsegel (2016).  De Havank-kolleksje wurdt nei 23 juny beskreaun en is dêrom ynearsten noch net op te freegjen foar it publyk.

Boarne: Tresoar
juny 18, 2017 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*