Bolle deadet stroffele matador

juny 18, 2017 14:11 Fernijd

Foto: pixabay.com

In Spaanske bollefjochter is om it libben kaam doe’t er stroffele yn ’e arena en dêrnei oanfallen waard troch de bolle. Dat barde yn it súdwesten fan Frankryk, yn Aire-sur-l’Adour, dêr’t bollegefjochten ek populêr binne. De 36-jierrige Iván Fandiño stroffele oer de reade lape dy’t er brûkte om de bolle oanfalle en misliede te litten. Doe’t er op ’e grûn lei, foel it bist oan en rekke de bollefjochter mei ien fan de hoarnen yn ’e side.

De man waard nei it sikehûs brocht, dêr’t er oan syn ferwûnings ferstoar. Fandiño is de twadde matador yn in jier tiid dy’t troch in bolle deade wurdt. Dochs komme dit soart ûngelokken mar selden foar. It stjergefal fan ferline jier wie it earste sûnt it begjin fan de jierren njoggentich.

juny 18, 2017 14:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hollân wint juny 19, 20:50

    Toros, a su vez para arriba!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*