Wat wy witte fan dieder oanslach Manchester
Resint ferskynd
De Britske plysje hat foto’s buorkundich makke fan Salman Abedi, de wierskynlike dieder fan ’e oanslach yn Manchester fan ôfrûne moandei. De foto’s binne makke troch in bewekkingskamera, op ’e jûn fan ’e oanslach.
Abedi hat himsels opblaasd by de oanslach. De plysje tinkt dat er de oanslach yn ’e mande mei oaren taret hat. Plysjeminsken hawwe ferskate hûzen trochsocht en trettjin minsken arrestearre dy’t moolk mei de oanslach te krijen hawwe. De islamityske terreurbeweging IS (earder: ISIS) hat de oanslach opeaske. De plysje wol graach mear ynformaasje hawwe oer Abedi syn netwurk.
IS-flagge op it dak
Salman Abedi is fan Libysk komôf. Syn heit en mem binne foar it bewâld fan Mohammar Gadaffy út Libië nei it Feriene Keninkryk flechte. Abedi waard 22 jier lyn berne yn Manchester. Hy like tige ynboargere: studearre bedriuwskunde, wie net opfallend religieus en spile cricket. Dat feroare in pear jier lyn, doe’t in fanatike foarm fan de islam him yn ’e besnijing krige. Hy radikalisearre en hyste sels de swarte IS-flagge op it dak fan syn hierwente.
Tûzenen plysjeminsken warber
Abedi hat koartlyn yn Libië west. De plysje tinkt dat er dêr moolk yn in treningskamp fan IS sitten hat. Trije dagen foar de oanslach kaam er werom yn Grut-Brittannië.
De oanslach mei in spikerbom op in konsert fan Ariana Grande koste 22 besikers – meast jongelju – it libben. Dêrmei is it ien fan ’e deadlikste oanslaggen yn Europa fan ’e lêste tiid. Neffens de plysje wiist dat derop dat der goed treende minsken efter de oanslach stykje.
Der wurkje op it stuit likernôch tûzen minsken fan ’e plysje en fan antyterrorisme-ienheden oan ’e saak. De plysje freget elkenien om nuttige ynformaasje troch te jaan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje