It ûnderwiis is passend, mar it systeem past net!

maaie 12, 2017 08:04

De Eintoets foar de basisskoallen hat wer west en de útslaggen binne ynkommen. Dy kinne krekt foar relatyf lytse skoallen, mei minder as tweintich learlingen yn groep 8, raar útpakke! Dat raar útpakken hat in poer yntrinsike, wat statistyske kant en in ekstrinsike, minsklike kant.

Ik lis hjir yn telegramstyl graach efkes út hoe’t dat sit en dat it healwize en ûnhuere gefolgen hat. In tige ienfâldich, mar strang jildend prinsipe yn de wiskunde is dat wat lytser it oantal, wat ûnbetrouberder de rekkenkundige trochsneed, troch omkeardevenredich grutte pendule-útslagen. Yn myn groep sitte 18 bern, wêrfan mar leafst 8 in havo- en vwo-skoare hiene, d.w.s. 45%! Mei trije bern mei resp. 100%, 99 % en 98 skoare ek noch! Dat persintaazje ‘hege’ ferwizingen leit fier boppe wat de oerheid as winsklik ‘ambysjenivo’ oanhâldt. Dochs komme wy mei dat boppegemiddeld hege persintaazje krekt net op de lanlike trochsneed út.

Underwiis dat passend wêze moat en it mei-it-ferstân-op-nuloanbidden fan it Gouden Keal fan ‘opbringsten’ op basis fan in eintoets ferdrage inoar praktysk én prinsipieel net. Mar ministearje en ynspekje wolle dêr net oan: binne (noch altiten) te dom om foar de duvel te dûnsjen! Want: passend ûnderwiis betsjut dat wy ek bern mei in swier algehiel learprobleem of mei in swier probleem op ien fakgebiet fia in batterij oan begeliedingsplannen mei in saneamd ‘uitstroomprofiel’ en troch strukturele ekstra help troch in betûfte ûnderwiisassinstinte bûten de les foarúthelpe. En wy dogge dat, en wy wólle dat. Ik kin sizze: mei hert en siel, want ‘se’ binne ús allegearre like leaf! Sa is ien fan de bern mei in leech IQ noch op einnivo groep 7 kommen! Boppe ferwachting en mei reden ta tank! It bern hat oars in heech EQ=Emosjoneel Quosjint, want is sosjaal yn en mei de groep fier boppe de mjitte sterk, altiten posityf en opbouwend foar sfear en aksje! Dan is der in bern dat nei piperdjoer ûndersyk ‘krekt net’ dyskalkuly hie, mar ‘gewoan’ tige rekkenswak, sei it buro. Dat bern is mei bouwen oan selsfertrouwen en mei fûleindige ynset binnen en bûten de klasse ek op einnivo groep 7 holpen wurden. Beide hawwe se alle reden om grutsk op harren sels te wêzen! Ik op beiden ek net minder, en bin dat!

Mar polityk en ynspeksje – yn dy folchoarder – hawwe der skijt oan. Ferjou my it wurd. Want de skoalle wurdt derop ôfrekkene dat dy beide bern yn in groep fan 18 it gemiddelde nei ûnderen lûke. Mei as gefolch dat ek mei it boppegemiddelde persintaazje oan ‘hegere’ ferwizingen de skoalle krekt ûnder it lanlik gemiddelde prestearre hat en dêrtroch as snoadwei ûnfoldwaande kwalifisearre wurdt! Nei rato behannele. In healwiis paradigma liedt ta in healwiis systeem en healwize beoardieling. It is der wol fier by troch. Mar de neakene en spikerhurde wierheid.

De learkrêften doge en meitsje dwers tsjin de ferdrukking yn it ûnderwiis passend, mar it systeem doocht net, foar gjin meter! Relatyf lytsere skoallen, yn krimpgebieten foaral, dus ek yn Fryslân, wurde de dupe fan in kombinaasje dy’t út noc h yn net doocht: passend ûnderwiis en beoardieling op ‘opbringsten’. It iene flokt én yn de praktyk én foaral prinsipieel mei it oare. Mar ministearje en ynspeksje wolle – beide mei it ferstân op nul – de midden en de beiden einen tagelyk. Hoe dom kin in systeem en foaral sokke dragers én bewekkers fan in systeem wêze. No, oaljedom. De lêsten earst en foarop, as ‘konstrukteurs’ fan in systeem op sân, sûnder sûn fûnemint.

Ik ha mei guon Steateleden fan de FNP kontakt opnommen foar in petear oer dy ûnhuere en healwize gong fan saken. De lanlike media steane der oars bol fan. Mar it jout ús noch gjin fluit! Mooglik moat it út it heitelân komme: wurksum protest en revolúsje. Want it is oarloch minsken! Oarloch en net oars. Oarloch om jimme bern en bernsbern. Relatyf lytse skoallen wurde sa nei de bliksem holpen! Jimme bern en bernsbern dus. Want dy draaie der úteinlik foar op, op it ôfrekkenjen fan skoallen op in te dom-foar-wurdensysteem.

Willem Riemersma, Feanwâlden

maaie 12, 2017 08:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*