Trije jier sel foar haadfertochte fraudesaak universiteit Grins

maaie 17, 2017 15:56 Fernijd

Foto: Wikipedia/Fruggo

De haadfertochte yn de fraudesaak oan de Ryksuniversiteit Grins is feroardiele ta in finzenisstraf fan trije jier, mei seis moanne ûnder betingst. Hy moat ek in bedrach fan 450.000 euro werombetelje. Haadfertochte Hans G. wie haad technysk behear oan de RUG. Hy wurdt ferantwurdlik holden foar it weislûzjen fan 1,1 miljoen euro.

Neffens de rjochtbank gunde de 66-jierrige Grinslanner opdrachten foar ûnderhâldswurksumheden op de universiteit oan befreone boubedriuwen. Yn ruil dêrfoar betellen de bedriuwen de man en syn famylje smarjild. Fia falske faktueren dy’t troch himsels goedkard waarden, betelle de universiteit úteinlik de rekken, berjochtet RTV Noard. Hy soe syn soan en eardere skoandochter baantsjes besoarge ha by de bedriuwen. Foar it jild dat se krigen, hoegden se hast net te wurkjen.

Korrupsje
Fiif oare fertochten binne troch de rjochtbank yn Oerisel feroardiele foar it oansetten ta korrupsje en foar wytwaskjen en hieling. Hja krigen straffen tusken de seis moanne en twa jier sel. Hja moatte ek in skeafergoeding betelje en ien krige in taakstraf. Twa fertochten waarden troch de rjochtbank frijsprutsen.

De rjochter fynt dat de haadfertochte fierste fier gien is. Neffens de rjochter hat er inkeld út eigenbelang hannele en dêrmei it betrouwen fan de universiteit en de maatskippij skeind.

maaie 17, 2017 15:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*