SIS TSIIS tsjin ûntheffingen ûnderwiis yn it Frysk

maaie 13, 2017 10:44

De boargeraksjegroep Sis Tsiis makket by Deputearre Steaten offisjeel beswier tsjin it beslút om skoallen ûntheffing jaan te kinnen foar it ûnderwiis yn it Frysk. Dat it ûntheffingsbelied net rjochtmjittich is, ûnderbout Sis Tsiis mei tal fan arguminten yn it oan DS rjochte beswierskrift, dat yn ôfskrift ek oan de Steateleden tastjoerd is.

Dat ûnderwiis yn it Frysk in minskerjocht is, folget ûnder mear út de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske en út de Konvinsje foar de Rjochten fan it Bern.

Dat ûnderwiis yn de memmetaal goed is foar de ûntjouwing fan it bern bepleitet de Unesco al sûnt 1950. Mar it ûnderwiis yn it Frysk is noch altyd net grûnfêste as in wêzentlik en ferplicht part fan alle foarmen fan it ûnderwiis yn Fryslân, hoewol’t it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden dat ek easket.

Dat grûnfêstjen is it earste dat barre moat. Dêrta is ek nedich dat it ûntheffingsbelied opnij besjoen wurdt. Skoallen kinne no yn it primêr en it fuortset ûnderwiis ûntheffing krije, mar dat is yn striid mei de minskerjochten. Koart en dúdlik: it Frysk moat yn it primêr likegoed as yn it fuortset ûnderwiis folslein syn gerak krije. De ynspeksje moat dêrop tasjen.

Sis Tsiis kundiget oan fan ’t simmer mear aksjes te hâlden, te begjinnen op in tal doarpen.

maaie 13, 2017 10:44
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Willem Riemersma maaie 15, 20:00

    Yn 2007 wie ik op in FUEN-kongres yn Talinn-Estlân en rekke dêr yn plenêr debat mei de foaroanfrou fan de Russyske minderheid.
    De Russyske minderheid wie net tefreden mei it rjocht op Russyske(!) skoallen yn Estlân 60 % fan de ûnderwiistiid yn it Russysk jaan te meien. En klage dat Russen aanst noch ‘op de trien'(! set wurde soenen. En krigen yndirekt ek noch stipe fan de EU dy’t Estlân moanne en poene – mei De Haach foarop! – om foaral om de rjochten fan de Russyske minderheid te tinken!
    Ûnhillich fjoer en swiere reekgerdinen foar eigen tekoartsjitten ‘in den lande’ foar it Frysk oer. Soene Friezen ea sokke ferlykbere rjochten easkje as fan de Russsyske minderheid(!) yn Estlân yn ús eigen provinsje Fryslân, mei it Frysk as autochtoane taal mei in folle langer as tûzendjierrige skiednis en fan noch altiten in mearderheid fan de befolking en sûnt 2013 Twadde Rysktaal ek noch, dan stie De Haach en oankrûpend laach mear as op de achterste skonken en waard ús op syn bêst op in hier nei separatisme en sokke Friezenyn elts gefal as militante nasjonalisten ferkettere en ferspuid.
    Timmermans fûteret op Poalen om, mar moat him skamje. Want hjir ‘thús’ binne de pypkes ek fierstente koart. Mar Nederlân blaast leaver oer de grinzen út in grut gat as hjir de gatten yn tapassing fan ûndertekene ferplichtings mei relatyf beskieden middels en mooglikheden opfolje. Om utens oer bergen springe wolle, en ‘thús’ oer stiennen stroffelje. Hollanditis neame se soks.

  2. Jehannes Elzinga maaie 19, 15:07

    Itselde spilet yn Oekraïne wêr’t it Russysk no in twadderangsposysje ynnimt njonken it Oekraïensk.
    Dit is ien fan de oarsaken fan de ôfskieding fan Donetsk en omjouwing fan Oekraïne. Ek yn de Batyske steaten moat men oppasse de Russyske minderheid troch harren taalrjochten te ûnhâlden, want dit kin Ruslân yn’e kaart spylje.
    Yn Fryslân is de sitewaasje krekt oarsom: it Frysk is de minderheidstaal en wurdt diskriminearre troch de Nederlânske steat, wylst yn Estlân it Russysk de minderheidstaal is en diskriminearre wurdt troch de Estse mearderheid. Wat dat oanbelanget ferkeare Russysk yn Estlân en Frysk yn Fryslân dus yn deselde posysje.

  3. Willem Riemersma maaie 19, 18:23

    Myn sizzen hjirboppe wie dochs dat de Russyske minderheid yn Estlân no just taalrjochten yn ûnderwiis hat dêr’t men yn Fryslân yn de fierste fierte net oan ta komt en noch lang fan dreame moat. sa’t it liket. En dêr’t Russen yn Estlân dan noch och oer kleie doarsten. Dat wêzentlike ferskil – jo kinne it yn treflike literatuer weromfine – skine jo alhiel oan foarby te gean en prate sa ûngemurken(?) de EU en Max van der Stoel fan doedestiids moai nei. De Russen dêr wurde net diskirminearre, mar woenen/wolle de âlde, ferlerne dominante posysje werom: dy fan in kwantitative minderheid dy’t de posysje fan fan in soarte fan kwalitative mearderheid ferlear en dêroer wrokke. Yn 2007 alteast.
    Boppedat, de Russen yn de Baltyske lannen binne dêr meast ûnder Stalin yn it ramt fan in bewuste befolkingspolityk – Russifikaasje – nei ta stjoerd. Just om reden de Esten derûnder te hâlden en opgean te litten yn it Sowjet-Ymerium. Dat is dochs in prinispieel oare sitewaasje as hjir yn Fryslân.Jo ferlyk fan beide sitewaasjes liket my te folle op emoasje en te min op argumintaasje basearre, want giet mank.
    En dat docht gjin rjocht en spillet boppedat de publike opiny yn de kaart dêr’t it net moat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*