Sechtich skoallen yn Fryslân oan ’e slach mei muzyk

maaie 15, 2017 10:23

Foto: pixabay.com

Sechtich basisskoallen yn Fryslân krije subsydzje fan it Fûns foar Kultuerpartisipaasje om fan takom skoaljier ôf oan ’e slach te gean mei muzyk. Troch hiel Nederlân binne no al goed tûzen skoallen dy’t troch de subsydzjeregeling Ympuls Muzykûnderwiis oan mear en better muzykûnderwiis wurkje.

De kommende trije jier kinne de sechtich skoallen, ferspraat oer hiel Fryslân, wurkje oan it ferbetterjen fan harren muzykûnderwiis, ûnder mear troch gearwurkingen oan te gean mei partijen út it muzykfjild. Dêrmei komt it totaal tal skoallen dat yn de ôfrûne twa omgongen yn Fryslân subsydzje krige op 111. Sa sette yn dizze provinsje ek hieltyd mear skoallen de toan. Sjoch foar mear ynformaasje op www.cultuurparticipatie.nl/impulsmuziekonderwijs.

De twadde omgong fan de Ympuls Muzykûnderwiis is op 1 april sluten. Alle skoallen dy’t in oanfraach yntsjinnen, hawwe ûnderwilens berjocht krigen. Nei’t ferline jier yn de earste omgong al 542 skoallen yn Nederlân úteinsette koene mei it fersterkjen fan har muzykûnderwiis, sille yn it oankommend skoaljier nochris hast fiifhûndert nije skoallen oan ’e slach mei mear en better muzykûnderwiis. De tredde omgong iepenet op 2 oktober 2017.

Foar de twadde omgong fan de regeling ûntfong it Fûns foar Kultuerpartisipaasje goed 850 oanfragen. Dat is gâns mear as de hast fiifhûndert oanfragen dy’t yn it beskikbere budzjet fan acht miljoen euro foar dizze omgong honorearre wurde koene.

Mei de Ympuls Muzykûnderwiis jout it Fûns foar Kultuerpartisipaasje basisskoallen de kâns om te ynvestearjen yn mear en better muzykûnderwiis. Dat dogge se ûnder oare troch in gearwurking oan te gean mei in muzikale partner en de saakkundigens fan de learkrêften grutter te meitsjen.

De Ympuls Muzykûnderwiis wurdt útfierd yn opdracht fan minister Bussemaker en is ûnderdiel fan de lanlike beweging Mear muzyk yn ’e klasse. In gearwurkingsferbân tusken it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, it Fûns foar Kultuerpartisipaasje, it LKCA (Lanlik Kennisynstitút Kultueredukaasje en Amateurkeunst) en de stifting Mear muzyk yn ’e klasse. De ferskate partijen sette har mienskiplik yn foar struktureel muzykûnderwiis fia ûnder oare subsydzjes, kennisdieling en lanlik omtinken.

maaie 15, 2017 10:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*