Rapport: Waad kin noch dizze ieu ‘ferdrinke’

maaie 10, 2017 07:01

Foto: M. Sjoerd Hofstra

It Waad kin neffens in nij rapport flugger as ferwachte permanint ûnder wetter komme te stean. Dat komt mei troch ûnderskatting fan de nei-effekten fan gas- en sâltwinning. Nije ynsjoggen oer it mooglik hurder teien fan iiskapen spylje ek in rol. Neffens it rapport Toekomst Waddenzee rint it natuergebiet noch foar de ein fan dizze ieu kâns op grutskalige ferdrinking. De sânplaten fan it Waad falle no noch twa kear deis droech. Dat lûkt ûnder oare grutte groepen trekfûgels dy’t der op ’e syk binne nei iten. As it gebiet net mear droech komt te lizzen, is dat in ramp foar beskate soarten floara en fauna. It foarmet ek in risiko foar de kustbeskerming.

De mineraalwinning yn it Waadgebiet soarget derfoar dat de boaiem gauwer sakket as normaal. Neffens de ûndersikers is te min rekken holden mei de lange termyneffekten fan gasboarrings, sels al binne dy ûnderwilens stilset. “Inkeld ûnder optelling fan de meast optimistyske senario’s foar seespegelstiging, sedimintaasje en boaiemdelgong kin ferdrinking tefoaren kommen wurde en it Waad ek op lange termyn beholden bliuwe”, skriuwe de ûndersikers. Neilibjen fan it Parys-akkoart kin de stiging fan de seespegel bygelyks foar de helte tsjinhâlde.

It rapport is útfierd yn opdracht fan De Waadferiening. Under oare ûndersyksynstitút NIOZ, de TU Delft en de Universiteit Utert hawwe deroan meiwurke. Ferline jier luts it Wrâldnatuerfûns al oan ’e skille oer de bedriging fan It Waad. Yn gearwurking mei 113 oare natuergebieten is der akút gefaar troch tadwaan fan de minske.

maaie 10, 2017 07:01
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. S.K.R. Iuwstra maaie 10, 23:08

    It duorret wol wat lang foardat de skriuwer fan dit Waad-stikje ‘iuw’ neffens de regels skr’iuw’e kin. Dôfhûdich of dwers?

    Moat it echt noch in ‘ieu’ duorje? Efkes in bylearoefening fan trije sekonden …

  2. Daam de Vries maaie 11, 22:47

    Faaks hat de skriuwer de goede neislachwurken net. Ik leau ek net dat dy ús gratis, fergees en foar nul-noppes troch it taalbefoarderjend orgaan provinsje taskikt binne. Wol leau ik dat datselde orgaan yn in weach fan allegeduerige ûnwittendheid dy nije stavering goedkard hat om in hantsjefol fan sawat 500 beropsfriezen te geriven. De taal sels hie der teminsten út noch yn gjin ferlet fan. Dy taal hat ferlet fan fatsoenlik ûnderwiis wat der net is. Dat kinne jo sjen oan de flaters dy’t makke wurde yn it op sosjale media soad brûkte Frysk. Dy flaters hawwe neat, mar dan ek werklik hielendal neat te krijen mei tûkelteammen dy’t mei sa’n nije stavering fan ‘e baan reage achte te wurden.

    En fierder miende ik dat wy yn it Frysk sizze: ‘Twa tellen’ en net: ‘trije sekonden’.

  3. mbc84 maaie 12, 21:14

    @Daam: folslein mei jo iens! It jild hie folle better brûkt wurde kinnen foar û.o. better ûnderwiis (noch hiele protte oare saken). It ienfâldiger meitsjen fan ‘e stavering is bespotlik. It leit him net oan ‘e stavering dat der min en in bytsje Frysk skreaun wurdt.

    Ik doch net oan dy nije stavering, nea net. It is folslein bespotlik, ‘útnûgje’ mei in ‘û’, ‘iuw’. It bliuwt by my sa’t it skreaun heart te wurden, ‘útnoegje’ en ‘ieu’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*