Ofhandich, ûnbewenne eilân is meast fersmoarge plak op ierde

maaie 18, 2017 18:00

Foto: Wikipedia/USFWS

Henderson is in ûnbewenne eilân yn de Stille Oseaan. It tichtbefolke gebiet dat it tichtstby leit, leit der mar leafst fiiftûzen kilometer fan ôf. En dochs is Henderson tige smoarch. Op it eilân binne nei’t rûsd wurdt 37,7 miljoen stikjes plestik te finen. Dat skriuwe Britske ûndersikers yn it tydskrift Proceedings of the National Academy of Sciences. Op de strannen fan Henderson binne oant 671 stikken plestik ôffal de kante meter te finen. Noch nea earder hawwe ûndersikers plestik ôffal yn sa’n grutte tichtheid fûn.

De ûndersikers bemeunsteren fiif ferskillende plakken op it eilân. Op basis dêrfan rûze se dat oant hjoed mear as santjin ton oan plestik ôffal op it eilân ôfset is. En alle dagen soene dêr 3750 nije stikjes ôffal by komme. It binne tige oannimlik noch mar konservative rûzings, sa skriuwt ûndersiker Jennifer Lavers. “It is oannimlik dat ús gegevens de werklike hoemannichte ôffal op Henderson ûnderskatte trochdat wy inkeld by steat binne om stikjes plestik grutter as twa milimeter en ta in djipte fan tsien sintimeter te bemeunsterjen en net by steat wiene om meunsters ôf te nimmen by kliffen en de rotseftige stikken kust del.”

De ûndersikers wize derop dat it eilân ticht by it hert fan de Súd-Pasifistyske gyre leit: in ringfoarmige seestreaming yn it súdlike part fan de Stille Oseaan. Plestik dat dêryn telâne komt – faak ôfkomstich út Súd-Amearika of troch fiskers dumpt – kin der eins net mear út en sirkelet úteinlik yn de rjochting fan it ‘ôffalputsje’ yn it hert fan de gyre: Henderson. “Henderson liket hielendal net op it ûnoantaaste ‘ûnbewenne eiân’ dat minsken har faaks foarstelle”, seit Lavers. “Henderson is in skokkend, mar typysk foarbyld fan hoe’t plestik ôffal it miljeu op wrâldwide skaal oantaast.”

Op jierbasis wurdt wrâldwiid sa’n 300 miljoen ton oan plestik produsearre dat net opnij brûkt wurdt. Om’t plestik driuwt en stadich fergiet, hat it in langduorjende ynfloed op de oseaan en de bisten dy’t dêryn libje. Dy kinne yn it plestik fêst komme te sitten of siik wurde trochdat se it opite.

Boarne: scientias.nl

maaie 18, 2017 18:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*