Oerheden helpe Kulturele Haadstêd mei ekstra middels

maaie 19, 2017 16:53

Mei de finansiering foar Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018 kin it dochs yn oarder komme. De Provinsje en de gemeente Ljouwert springe noch ienkear by, dat de lêste belangrike stappen kinne set wurde. De oerheden nimme ek in pear risiko’s foar harren rekken. Provinsjale Steaten en de gemeenteried hawwe it meikoarten oer in foarstel dêrta.

Stichting LF2018 hat oant no drok dwaande west om de begrutting slutend te krijen. It wie ek nedich om oanpassingen troch te fieren. Provinsje en gemeente hawwe no it inisjatyf nommen om de lêste finansjele hobbels wei te nimmen.

Ynspanningen
“Yn de ôfrûne perioade hawwe wy ynsicht yn de mooglikheden en risiko’s yn de begrutting krige”, ljochtet deputearre Sietske Poepjes ta. “De stichting koe de begrutting fersoberje sûnder it programma yngripend oan te taasten. Us ynspanningen rjochtsje harren op it slutend meitsjen fan de begrutting en it ôfdekken fan risiko’s. Sa soargje wy derfoar dat it programma net ûnder finansjele druk komt te stean. Wy sette dêrmei in lêste grutte stap yn ’e rjochting fan in suksesfol 2018 en de jierren dêrnei.”

Provinsje en gemeente komme mei-inoar mei € 1,75 miljoen oer de brêge. De provinsje leveret € 875.000 foar ekstra ynspanningen wat de marketing oangiet. Foar in program foar bliuwende effekten nei 2018 hat de provinsje € 500.000 beskikber. Foar oerbliuwende risiko’s op opbringsten fan  sponsers en de BTW fan de ryksbydrage oan LF2018 hâldt de provinsje maksimaal € 2 miljoen yn reserve. De gemeente Ljouwert wol ek byspringe foar as it mei de sponserynkomsten ôffalt. Provinsje en gemeente rjochtsje in boarchfûns op fan in miljoen op foar risiko’s yn de kaartferkeap. Der sil besocht wurde om dat oangeane mei lanlike fûnsen gear te wurkjen. De gemeente leveret € 775.000 foar lastminuteprojekten, bliuwende effekten en it boarchfûns en € 650.000 foar it ôfdekken fan de foardering fan BTW fan de ryksbydrage.

Regy
Ofpraat is om de regy op guon ûnderdielen fan it programma by provinsje en gemeente ûnder te bringen. De provinsje nimt de ferantwurdlikheid oer foar it 11Fountainsprojekt. Ljouwert nimt de logistike ferantwurdlikheid oer foar it projekt Giant Steps. De oerheden sille mear klam lizze op it ynroppen fan help troch sponsers en fûnsen.

Ferantwurdlikheid
Sjoerd Feitsma, wethâlder Ljouwert: “Mei de provinsje nimme wy ús ferantwurdlikheid. Dy ynspanningen leverje wy mei it each op in suksesfolle programmearring, de legacy én de útstrieling fan stêd en regio yn en nei 2018.” John Bonnema, finansjeel direkteur LF2018: “LF2018 sit no yn in belangrike faze. Wy binne tige ynnommen mei de foarstellen fan de kolleezjes fan provinsje en gemeente. Dêr sette wy in belangrike stap mei nei in bysûnder jier dat in protte te betsjutten hat, ek foar de takomst.”

 

maaie 19, 2017 16:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*