Liifwachten Erdogan misdrage har yn Washington

maaie 19, 2017 11:50

De Turkske presidint Recep Erdogan

In besite fan de Turkske presidint Erdogan oan ’e Feriene Steaten is fan ’e wike tige út ’e hân rûn. Yn ’e haadstêd Washington demonstrearre in groep minsken tsjin it belied fan Erdogan syn regear. Twa liifwachten fan Erdogan foelen demonstranten oan. Hja ferwûnen njoggen minsken. Ien frou waard skopt, wylst hja op ’e grûn lei. Amerikaanske plysjes griepen yn. Erdogan siet dernei te sjen.

De twa grutte partijen yn ’e Feriene Steaten, de Demokraten en de Republikeinen, hawwe beide poerlilk reagearre op it foarfal. Wurdfierders fan ’e twa partijen steane oan op ferfolging fan ’e liifwachten. Dy sitte wilens lykwols al wer yn Turkije, wat de kâns op in proses tige lyts makket.

De Turkske ambassadeur yn Washington hat sein dat de demonstranten mei flaggen fan ’e Koerdyske fersetsbeweging PKK swaaiden. Dat wie in provokaasje, neffens de ambassadeur, dy’t ek seit: “Wy hoopje dat de Feriene Steaten tenei sels op in passsende manier wat docht oan provokaasjes.”

maaie 19, 2017 11:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*