Leafde en dea – exposysje yn acht tsjerken

maaie 19, 2017 14:00

Byldzjend keunstner Harry Miedema út Amsterdam waard troch bekende bibelferhalen ynspirearre en makke acht monumintale pasteltekeningen om it tema ‘Leafde en dea’ hinne. Mei syn byldtaal – dêr’t minsken en fantasijdieren wûnderlike kontakten yn mei-inoar oangeane – slagget it de keunstner om âlde ferhalen op in nije en ynkringende wize te ferbyldzjen. Dy tekeningen binne te sjen op in eksposysje dy’t holden wurdt yn acht âlde tsjerken yn de Greidhoeke. Yn elke tsjerke hinget ien.

De offisjele iepening fan de eksposysje is op freed 19 maaie om 19.30 oere yn de Mariatsjerke fan Blessum troch Tom van Mourik, boargemaster fan Menameradiel. Histoarikus Yke Kramer sil in yntroduksje jaan op it wurk. Liuwe van der Meer (oargel) út Mantgum en Jinke Lyklema-van Weringh (fluit) út Lekkum fersoargje de muzikale oanklaaiïng.

De eksposysje is te sjen yn it wykein fan 20/21 maaie, op Himelfeartsdei (25 maaie) en yn it wykein fan 27/28 maaie, hieltyd fan ienen oant seizen yn de tsjerken fan Baard, Blessum, Boksum, Deinum, Easterlittens, Leons, Mantgum en Winsum (alfabetysk oardere). De tekening hinget oeral sintraal: yn ’e koer boppe de nachtmielstafel. Sa ûntstiet in unike wikselwurking tusken tsjerkegebou en keunstwurk. De tsjerken binne mei de fyts of de auto te bereizgjen. Rûtebeskriuwingen binne te finen op www.zevenkerken.nl, it webstee fan de Stichting Nieuwe kunst in oude kerken.

Groepskuiertochten
Op 20 en 27 maaie liede Adri Terlouw en Hinke Post-Knol in kuiertocht. Op de earste sneon giet dat by de tsjerken fan Blessum, Leons, Boksum en Deinum lâns en op de twadde by dy fan Baard, Winsum, Easterlittens en Mantgum, beide kearen sette se om 10.00 oere útein yn de earste tsjerke dy’t oanjûn is. Beide tochten binne goed 15 km. en sille om 17.00 oere hinne ôfrûn wêze.
It opjaan dêrfoar kin oant 12.00 oere op de foarôfgeande freed troch in mailtsje te stjoeren nei terlouwadri@gmail.com. Kosten, mei ynbegrip fan kofje en tee ûnderweis, lunch en programmaboekje € 22,50 de persoan. Minimum tal dielnimmers foar it trochgean fan sa’n tocht is 10. By 25 dielnimmers is de tocht folboekt.

maaie 19, 2017 14:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*