Kom klachten troch ikeprosesjerûp tefoaren 

maaie 23, 2017 17:00 Fernijd

Sûnt 2009 hat in grut part fan Fryslân lêst fan ikeprosesjerûpen. Dy kinne yn maaie en juny yn benammen ikebeammen sitte. Nei kontakt mei de broeihierren fan de rûp kinne klachten ûntstean lykas jokte, hûdútslach en yrritaasje oan ’e eagen en luchtwegen. Ferwachte wurdt dat de rûp fan ’t jier yn de twadde helte fan maaie op ferskate plakken yn Fryslân lêst feroarsaket. Dat is foar GGD Fryslân reden om no al ynformaasje te jaan oer wat dien wurde kin om de klachten foar te kommen of te bestriden.

De ikeprosesjerûp is de larve fan in nachtflinter dy’t aikes leit yn de toppen fan ikebeammen. Ein april, begjin maaie komme de rûpen út de aikes, wêrnei’t se in pear kear ferfelje oant se yn july grut binne. Nei trije kear ferfeljen, tusken heal maaie en ein juny, krije de rûpen de slim yrritearjende broeihierren. Yn july ferpopje de rûpen en wurde it ûnopfallende grize nachtflinter (sûnder broeihierren). Troch de mylde winter en de waarme maitiid kinne de rûpen wat earder klachten jaan as yn oare jierren.

Nêsten
Ikebeammen mei ikeprosesjerûpen binne te kennen oan de spesifike nêsten op de stammen en dikkere tûken. Dat binne tichte spinsels fan ferfellingshûd, mei broeihierren en stront. Ut dy nêsten krûpe de rûpen nachts yn groepen – yn prosesje – op syk nei iten yn de toppen fan ’e beam. Grutte groepen fan sokke rûpen kinne in beam folslein keal frette.

Broeihierren
Der binne foaral de gefolgen foar de sûnens yn de perioade dat de ikeprosesjerûp broeihierren kriget (maaie-juny). Dat is ek it gefal by it fersprieden fan de broeihierren út lege nêsten (july-septimber). Streekrjocht kontakt mei de rûp is net nedich om de klachten te krijen. De broeihierren kinne ek troch de wyn meinommen wurde en op de hûd of yn ‘e klean telâne komme. De broeihierren (sa’n 700.000 de rûp) kringe mei wjerheakjes maklik yn hûd, eagen en luchtwegen. Wat der dan bart hat wat fan in allergyske reaksje, dy’t by elkenien wer oars wêze kin. By ien dy’t faker mei de broeihierren yn kontakt komt, dan kinne de reaksjes folle sterker wêze.

Klachten
Yn de acht oeren nei it kontakt mei broeihierren dogge har reade en pynlike hûdyrritaasjes foar. It jokjen kin wol twa wike oanhâlde. By it ynazemjen fan broeihierren of as se yn ’e eagen komme, jout dat soartgelikense klachten en ûntstekkingen. Soms docht bliken dat e minsken in echte allergyske reaksje ûntwikkele hawwe, sadat de klachten folle flugger komme. Bisten, benammen hynders en hûnen kinne de klachten ek krije as se mei de broeihierren yn kontakt komme.

Behanneling
Wa’t de rûpen of hierren oanrekke hat moat foaral net klauwe of wriuwe. Better is it om de hûd of de eagen goed ôf te spielen of te waskjen en klean op 60 ºC te waskjen. Klachten duorje oer it algemien net langer as twa wike. Krêm mei mentor en aloë-fearagel kin ferromming jaan. By slimme klachten is it better en gean nei de dokter.

Tefoaren komme
By in besite oan in (natuer)gebiet dêr’t ikeprosesjerûpen wêze kinne is it de baas en beklaai hals, earms en skonken goed en gean net op ’e grûn sitten. Alden wurdt oanret om de bern foar it gefaar fan de rûp te warskôgjen. GGD Fryslân advisearret om alle kontakt mei de rûpen en resten derfan út ’e wei te gean. Yn âlde nêsten fan ferline jier sit ek in soad broeihier en dy kinne ferwaaie. It is net ferstannich om sels de rûpen te bestriden.

maaie 23, 2017 17:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*