Julian Assange net langer socht troch Sweedske justysje

maaie 19, 2017 11:31

Justysje yn Sweden hat it ynternasjonale arrestaasjebefel tsjin Julian Assange ynlutsen. Assange sit sûnt 2012 yn de ambassade fan Ecuador yn Londen.

De 45-jierrige Assange hat fia it webstee WikiLeaks in hiele protte geheime steatsdokuminten fan ‘e Feriene Steaten iepenbier makke. Dêr wol de oerheid fan ‘e Feriene Steaten him foar ferfolgje.

De Australiër waard sân jier ferlyn troch twa froulju beskuldige fan ferkrêfting. Dêr wurdt er yn Sweden foar socht. Assange wie bang dat de Sweedske oerheid him oan ‘e FS útleverje wol en flechte dêrom de Ecudoriaanske ambassade yn it Feriene Keninkryk yn.

maaie 19, 2017 11:31
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric novimber 1, 10:21

    Wêrom ha se it ynlutsen? Dan wol men dan graach witte.

  2. Redaksje novimber 3, 13:18

    De Sweedske haadferkleier Marianne Ny seach der gjin gat mear yn, om’t hja Assange net hearre koe. Dat hie yndied noch yn dit berjocht stean moatten, Eric.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*