Ien op de acht ferstjoert appkes efter it stjoer

maaie 19, 2017 19:11

Foto: morguefile.com

Ien op de acht automobilisten ferstjoert ûnder it riden wolris berjochten. Mei de telefoan oan it ear skilje, dus net mei de hannen frij, docht hast ien op de tsien automobilisten, berjochtet it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS). Bestjoerders tusken de 18 en 35 jier stjoere it faakst berjochten ûnder it riden, hast ien op de fjouwer docht dat. Manlju binne faker as froulju dwaande mei har telefoan efter it stjoer en jongelju faker as âldere minsken. Ut it ûndersyk docht ek bliken dat hast alle bestjoerders fine dat berjochten ferstjoere ûnder it riden gefaarlik is. Hast njoggen op de tsien sizze skiljen gefaarlik te finen.

It ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu seit dat de sifers oerienkomme mei eigen ûndersyk. Minister Schultz sei ferline jier de oplossing foaral te sjen yn technologyske maatregels. Dêrfoar is se yn petear mei telekombedriuwen, dy’t ûnderwilens dwaande binne mei apps dy’t Whatsapp en Facebook ûnder it riden blokkearje. It ministearje hat ek de kampanje Onderweg ben ik Offline ûntwikkele.

As de maatregels net wurkje, oerwaget it ministearje in eksplisyt ferbod op it ferstjoeren fan berjochten yn ’e auto. No is de wet algemiener formulearre. “It is elkenien ferbean him sa te gedragen dat gefaar op ’e dyk feroarsake wurdt of feroarsake wurde kin.”

maaie 19, 2017 19:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*