Ian Buruma nije haadredakteur New York Review

maaie 19, 2017 11:35

De Britsk-Nederlânske skriuwer Ian Buruma is de nije haadredakteur fan The New York Review of Books. Buruma folget Robert Silvers op, dy’t yn maart ferstoarn is.

Buruma skriuwt al tritich jier foar it tydskrift. Foar de útjouwer wie dat in wichtige reden om him as haadredakteur te beneamen.

It tydskrift komt alle fjirtjin dagen út en jildt as ien fan ‘e wichtichste literêre tydskriften fan ‘e wrâld.

maaie 19, 2017 11:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*