Het Uur van de Wolf: Etgar Keret, in wier bard ferhaal

maaie 16, 2017 17:00

Foto: NTR

Foar de Israelyske skriuwer Etgar Keret (1967) is fiksje letterlik fan libbensbelang. Nei de selsmoard fan syn bêste freon siket er syn taflecht yn it skriuwen fan koarte, absurdistyske ferhalen, om net oan deselde destruktive ferlieding ta te jaan. Dy surrealistyske ferhalen fol humor meitsje him wrâldferneamd. De enerzjike dokumintêre Etgar Keret – Een waargebeurd verhaal ûndersiket hoe’t Keret sawol mei syn protte koarte fiksjeferhalen, as mei syn ‘wierbarde’ anekdoates sa’n masterlike ferteller wurden is. Want wat is de djippere betsjutting fan ‘de kreative leagen’?

Regisseur Stephane Kaas en senarist Rutger Lemm witte Keret’s eksklusive meiwurking te krijgen. Om syn wize fan tinken ynsichtlik te meitsjen wurde ferskillende ferteltechniken ynset: animaasjes fan de fiksjeferhalen (makke troch Nina Gantz en Digna van der Put), rekonstruksjes fan Keret’s anekdoates en in libbene montaazje dy’t ek sjen lit wat der efter de skermen bart. Famylje, freonen en bekende nammen as Jonathan Safran Foer, mar ek skriuwer Gary Shteyngart en This American Life-host Ira Glass wurde as ferhale-eksperts ûnderfrege en fertelle har favorite Keret-ferhaal nei.

Neffens de regisseur rekket Keret mei syn fantasijen de essinsje fan it libben, de libbenskeunst. Mar hoe sjocht dy derút? En hoe ferhâlde wierheid en leagen har ta-inoar? Yn Etgar Keret – Een waargebeurd verhaal giet Kaas op ’e syk nei Keret’s needsaak om wierheid en leagen te fermingen yn syn wurk en syn libben. Of lykas Keret sels seit: “In leagen is as in triuw. Je kinne der ien mei oanfalle, mar je kinne der ek ien mei rêde as der in trein op him ôfdinderet.”

Rezjy: Stephane Kaas yn gearwurking mei skriuwer Rutger Lemm
Produsint: Katja Draaijer & Frank Hoeve – BALDR Film
Utstjoering: tongersdei 15 juny om 22.55 oere op NPO2
Website: www.ntr.nl/hetuurvandewolf

maaie 16, 2017 17:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*