Hayo Apotheker hâldt op as boargemaster

maaie 19, 2017 11:40

Hayo Apotheker hâldt yn desimber op as boargemaster fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân. Dat hat er tongersdeitejûn oan ’e gemeenteried meidield. Apotheker hat 35 jier lang boargemaster fan ferskate gemeenten west. Dêrmei is er de langst sittende boargemaster fan Nederlân.

Nei syn pensjoen bliuwt Apotheker wol warber. Hy giet troch as foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan hegeskoalle NHL en bliuwt kommissaris fan in wenningboukorporaasje yn Grinslân.

maaie 19, 2017 11:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*