Hat de PU-Ried him bekeard? Metten mei twa mjitten?

maaie 17, 2017 07:15

Ein maart 2017 brocht de PO-Raad  – de sektororganisaasje foar it primêr ûnderwiis – in rapport út mei as titel Ruimte voor nieuwe talenten. Twa oanbefellingen steane dêr sintraal yn:

  • Meitsje in mearjierreplan foar nijkommelingen (bern mei in oare thústaal as it Nederlânsk / tink oan de bern fan flechtlingen) en
  • Brûk de memmetaal fan de bern as in opstapke foar it learen fan it Nederlânsk en oare fakken.

Sa’n posityf lûd oer de funksje fan de memmetaal fan bern oars as dy fan Hollânsktaligen wiene wy net wend fan in lanlike organisaasje. Oant foar koart wiene de algemiene teory en praktyk dat (Frysktalige) bern foar eigen bêst yn it Nederlânsk ûnderdompele wurde moasten. Dat wie yn 1816 al sa doe’t yn de provinsjale almenak ûnderwizers mei klam oanret waard it Frysk fan de bern yn ’e klasse net te ‘gedogen’ en dat hja needsaaklik yn it ‘nederduitsch’ les krije moasten. It Frysk koene se thús wol leare.

Fernuvering dus oer dy omslach yn it tinken fan de PU-Ried oer de wearde en funksje fan de memmetaal yn it learproses. Want koartlyn hie dy lanlike organisaasje in hiel oar lûd hearre litten. Yn de reaksje fan it kabinet fan 30 juny 2011 op it rapport fan de ûnderwiisynspeksje en it rapport fan de stjoergroep Hoekstra oer foechoerdracht kearndoelen Frysk nei de provinsje Fryslân krige in brief fan dyselde ried ek rom omtinken. Neffens it kabinet woe de PU-Ried leaver de fokus lizze op de kwaliteit fan it ûnderwiis as op útwreiding fan it omtinken foar it (ferplichte) Frysk, de memmetaal fan in protte bern. It bestjoer fan dy ried – dêr’t Fryske koepelorganisaasjes ek yn fertsjintwurdige binne – wie benaud, by delegaasje fan foech nei de provinsje Fryslân, yn in spagaat te reitsjen tusken easken fan de provinsje en lanlike easken.

Dy eangst fan de PU-Ried falt te begripen, omdat de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk gjin faktor is yn de beoardieling fan de kwaliteit fan it ûnderwiis yn ús provinsje. It is in publyk geheim dat, as de ynspeksje it ûnderwiis op in Fryske skoalle as swak beoardielet, de skoalle it Frysk soms falle lit. De resultaten fan ‘taal’ (Nederlandse taal ) en rekkenjen dogge derta en al soe it ûnderwiis yn it Frysk ek perfekt wêze, dan telt soks net.

Yn de oannommen wetswizingen fan 2014 nei oanlieding fan it rapport fan de kommisje Hoekstra kriget net de provinsje, mar krije de skoallen mear sizzenskip oer wol of net wat oan it Frysk te dwaan. It troch de provinsje oan te toanen ‘draachflak’ is foar it ‘rjocht’ op ûnderwiis yn eigen taal yn it plak kommen en it is oan de direksje en learkrêften oft en yn hoefier’t de memmetaal fan de Frysktalige bern in (folweardich) plak hat.

Wêrom is de PU-Ried negatyf as it giet oer in better plak fan de Fryske memmetaal yn it ûnderwiis en posityf as it oer dy fan bern fan flechtlingen giet? De elemintêre funksje fan de memmetaal is foar alle bern gelyk en as dy negearre wurdt, hat soks net allinnich gefolgen foar de taal- en identiteitsûntjouwing fan bern fan flechtlingen, mar likegoed foar de Frysktalige. In antwurd soe wêze kinne dat yn gefal fan flechtlingen it om in lanlik probleem giet en wat it Frysk oanbelanget om in provinsjale útsûndering. Tichter by de wierheid is de konklúzje dat der by de bern fan flechtlingen sprake is fan in grutte taalôfstân mei it Nederlânsk, wylst Frysktalige bern sa gau mooglik – fakentiids mei ferwaarleazgjen fan de eigen taal – al mei it Hollânsk konfrontearre binne en dat dus foar harren dat ‘opstapke’ net mear nedich is en om mar te swijen oer de sûnt ein 20ste iuw ferplichte status fan it Frysk as fak.

Neffens de ried hat in posityf omgean mei de memmetaal grutte foardielen mei it each op identiteit en learen fan mear talen. De ried sjocht de memmetaal as in ‘springplank voor het leren van Nederlands’. Mei om deselde reden is nei Kneppelfreed (1951) yn 1955 de wet op it (doe) leger ûnderwiis feroare om de twatalige skoalle mooglik te meitsjen: it Frysk (of in libbene streektaal) koe brûkt wurde oant it tredde jier fan de legere skoalle. Underwiis dus mei en yn de memmetaal as in opstapke nei de doeltaal it Hollânsk. Dochs binne de twatalige skoallen yn de jierren ’80 troch de mobiliteit fan de befolking wer ferdwûn. Troch in heterogenere taalbefolking kaam it Frysk yn de ferdrukking en moasten de Frysktalige bern it langer daliks wer mei it Hollânsk dwaan. Komt der troch de bern fan flechtlingen no wol of net mear omtinken foar ek it Frysk as thústaal?

No giet it yn it niisneamde rapport lykwols net spesifyk oer it Frysk en Frysktalige bern, mar oer bern fan flechtlingen mei in oare, net-Germaanske taal. Mar makket dat ferskil? Jildt de relaasje identiteit en memmetaal allinnich foar bern fan flechtlingen?

Wy meie oannimme dat yn de PU-Ried saakkundigen op it mêd fan ûnderwiis sitte. No bestiet yn tinken en teoryfoarming gjin neutraliteit. It giet altyd oer it ôfwagen fan feiten, oarsaken en belangen ensafuorthinne. Sa kin it barre dat deselde ried yn 2011 tsjin in mooglike fersterking fan it Frysk yn it ûnderwiis pleitet en in tal jierren letter – fierhinne mei deselde arguminten oer kwaliteit– foar it brûken fan de memmetaal yn it learproses is. In ferklearring foar dat ferskil hat alles te krijen mei taalpolityk en net mei pedagogyske ferantwurding fan goed ûnderwiis. Ek al gie it yn 2011 om it Frysk as doeltaal en no yn 2017 om de thústaal as helptaal.

Tom Dykstra, Feriening Frysk Underwiis

maaie 17, 2017 07:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*