Grikelân besuniget op ’e nij miljarden, opskuor yn Athene

maaie 19, 2017 08:38

Foto: Wiki Commons/www.kremlin.ru

It Grykske parlemint hat ynstimd mei in nij pakket oan besunigings, mei in omfang fan 4,9 milard euro. Mei de nije besunigings foldogge de Griken oan in betingst fan de Europeeske Uny en it Ynternasjonaal Monetêr Fûns om 7,5 miljard euro út it stipepakkket te ûntfangen. Nei it wykein nimt Brussel dêroer in beslissing. De Grykske parlemintariërs stimden mei in krappe mearderheid fan 153 tsjin 148 yn mei it besunigingspakket. Der sil ûnder oare op ’e nij besparre wurde op de pinsjoenen.

Molotovcocktails
Bûten it parlemintesgebou yn Athene ûntstie opskuor nei de stimming. Demonstranten gongen op ’e fûst mei de plysje en smieten mei molotovcocktails. Premier Tsipras sei dat Grikelân mei de nije besunigings takom jier yn ’e simmer wer finansjeel op eigen fuotten stean sil.

maaie 19, 2017 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*