Gemeente Woudenberg warskôget foar oanfallen fan rôffûgels

maaie 18, 2017 16:00 Fernijd

Foto: pixabay.com

Fytsers en hurdrinners yn de omkriten fan de Lambalgen, in bûtenbuorren fan Woudenberg, moatte útsjen foar rôffûgels. De bisten falle sa no en dan minsken oan. Neffens de gemeente binne it nei alle gedachten mûzefalken. De fûgels dogge yn it briedseizoen skynoanfallen om harren nêst te beskermjen, skriuwt de gemeente op Facebook.

“Foaral hurdrinners en fytsers binne kwetsber. Hja rinne kâns op ferwûnings trochdat se rekke wurde troch de klauwen fan de fûgels of trochdat se út balâns reitsje troch in stjitdûk.” Yn it gebiet binne ûnderwilens warskôgingsbuorden set. De gemeente hat der foto’s fan op sosjale media ferspraat, berjochtet RTV Utert.

Foar minsken dy’t dochs troch it gebiet rinne, hat de gemeente wat tips. “Sjoch goed om jo hinne en soargje dat jo net allinnich binne.” En as de fûgels dochs driigje oan te fallen: “Raas en slaan mei de earms om jo hinne.”

maaie 18, 2017 16:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*