Folksliet Grinslân by start Alvestêdekuiertocht

maaie 18, 2017 07:51

©foto 2014 Martin de Jong

De Amsterdamske Switserfries Rob Faltin hâldt fan ludike aksjes. Syn nijste fyt is it spyljen fan it Grinslanner folksliet by it begjin fan de Alvestêdekuiertocht, tiisdeitemoarn 23 maaie yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Hy sjocht it sels as opstapke fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 en it past alhiel yn de promoasje fan syn boek Laat ze maar denken.

Ferline jier spile Faltin op trompet it Frysk Folksliet by it úteinsetten fan de Alvestêdekuiertocht, mar fanwegen de krityk op it subsydzje fan KH2018 foar in projekt dat him yn Grinslân ôfspilet liket it him aardich en spylje dizze kear in folksliet fan de buorlju, dy’t altyd in haat-leafdeferhâlding hawwe mei de Friezen. By dy gelegenheid sil er alle oanwêzigen oproppe om harren freonen en kunde út oere provinsjes spesjaal út te nûgjen en kom takomme jier nei Fryslân ta. Bygelyks om ek mei te rinnen yn de Alvestêdetocht. Faltin hopet lykwols ek dat Friezen harren wat makliker jouwe om iepen te stean foar wat bûten de provinsje spilet. Hysels wol mei syn aksje fierder leare yn it omgean mei krityk, dat it tema fan syn boek is: lit se mar tinke…

Rob Faltin, dy’t berne is yn Switserlân kaam as musikus nei Amsterdam. Hy spile yn it Keninklik Konsertgebou-orkest. Hy hat trochleard as psychoterapeut. Yn april 2017 kaam syn twadde boek – Laat ze maar denken – út. Hy besiket minsken mei-inoar ‘te ferbinen’.

Hy ûntwikkele in grutte niget en leafde foar Fryslân en syn taal en praat ek Frysk. Hy mei graach yn Fryslân wêze en rint al jierren de Alvestêdetocht mei. In tiidlang waard er ek wol Rob du Jardin neamd. Hy krige bekendheid troch syn optredens mei de sjongster Grytsje Kingma, dy’t er op fioele en gitaar begelate en mei wa’t er it in kear of wat ta de finale fan it sjongfestival Liet brocht. Hy brocht ek cd’s út: Kryst yn Fryslân en Alpefries.

maaie 18, 2017 07:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*