Feie Fonyk: wichelroede

maaie 18, 2017 15:00

Minsken leauwe de frjemdste dingen. Sa binne der minsken dy’t leauwe dat se mei in stik tried of in stôk dy’t op in foarke liket, alles en noch wat opsykje kinne dat net te sjen is om’t it ûnder de grûn bedobbe is. Oaren leauwe dat soks alline slagget as se yn kontakt steane mei it hegere.

Net elkenien kin soks. Jo hawwe der in spesjaal sintúch foar nedich. De measte minsken hawwe al muoite genôch om har eagen, earen en noas yn de gaten te hâlden, lit stean dat der boadskippen fan boppen of fan ûnderen komme. Sis mar fan de boppenatuer, dat is troch in medium, of fan de ûndernatuer, troch wichelroederinners.

Hoe kom ik dêr no by? Dat komt sa. Ik lies yn de Ljouwerter Krante fan moandei 16 maaie dat se yn de Stellingwerven dwaande binne om ien of oar kleaster of oar religieus gebou te finen dat ûnder de grûn bedobbe rekke is. Se meitsje gebrûk fan in wichelroederinner en in medium. Dy wichelroederinner sjocht benammen nei de grûn, want as er wat fynt, dan slacht syn roede út nei ûnderen. It medium sjocht nei boppen en rint stiif efter dy wichelroederinner oan om net oer beamwoartels te stroffeljen. As je nei boppen sjogge, hawwe jo mear kâns om mei de boppenatuer yn kontakt te kommen. Ik bedoel mar, yn it AldeTestamint fan de Bibel is te lêzen dat guon profeten oan de ein fan har libben nei boppen giene. As je nei ûnderen rinne te stoareagjen, hawwe je kâns om wa wit in midsiuwske stien of sokssawat te finen. It is dus net om ’e nocht dat se yn de Stellingwerven fan beide saakkundichheden immen ynhierd hawwe. 

Oant no ta gjin resultaat

Oant no ta hat it neat opsmiten, as ik it goed begripe moat. Utsein dan fansels dat it in stikmannich minsken fan de dyk hold of efter de gearniums wei. Boppedat komme je yn de natuer en de frisse lucht. Soks is net ferkeard. Ik bin like bliid as de sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante. Ik bedoel mar, wêr moatte je langer oer skriuwe. Oer de kabinetsformaasje en Trump binne wy sa stadichoan wol útpraat.

Ik hoopje dat se it der net by sitte litte yn de Stellingwerven. Ik haw begrepen dat benammen dy wichelroederinner net foar ien gat te fangen is. Hy hat fêststeld dat der wat sit. Hy wit noch net wat.

Doe’t ik dy foto fan in wichelroederinner op wikipedia seach, frege ik my wol ôft sa’n wichelroede op ’en doer ek sûnensklachten jout. Altyd mei de noas op de grûn kin neffens my net goed wêze. Eins moatte jo om yn lykwicht te bliuwen beide wêze: medium en roederinner.

 

 

 

maaie 18, 2017 15:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*