De Ried fan de Fryske Beweging siket nije bestjoersleden en frijwilligers!

maaie 18, 2017 10:00 Fernijd

De Ried fan de Fryske Beweging (www.fryskebeweging.frl) is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei it Frysk en Fryslân. De Ried set him yn foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. Op dit stuit hat de Ried in protte kwestjes by de ein en kin dêrom ekstra hannen brûke. Foar de sinteraasje benammen, in goed ponghâlder.

Binne jo ek wiis mei Fryslân en wolle jo jo graach ynsette foar de Fryske saak? Dan is de Ried grif wat foar jo.

Elk nij bestjoerslid hat syn eigen belangstelling, eftergrûn en kennis, dy’t er doelmjittich ynsette kin. Sa groeie jo súntsjesoan yn de organisaasje fan de Ried, yn ús netwurk en yn it ferskaat oan kerweien. It entûsjasme sil jo fierder bringe en jout genôch romte foar nije (eigen) inisjativen, inisjativen dy’t de Fryske saak fûnemint jout.

Nijsgjirrich? Stjoer in e-post nei ynfo@fryskebeweging.frl mei jo namme, adresfeiten en jo belangstelling. Nei ûntfangst nimme wy sa gau mooglik kontakt mei jo op foar neiere ynformaasje en in yn ’e kunde kommen.

Mei freonlike groetnisse,
Ried fan de Fryske Beweging www.fryskebeweging.frl

Geart Benedictus (foarsitter)
Renze Valk (skriuwer)
Siem de Vlas (bestjoer)

maaie 18, 2017 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*