De fjouwer einen

maaie 13, 2017 10:00 Fernijd
It ûndersteande gedicht krigen wy tastjoerd nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen.
Mear gedichten en ferhalen binne wolkom. Wy sette alle sneonen ien yn de rubryk Ferdivedaasje. Redaksje It Nijs

Foto: pixabay.com

De fjouwer einen

Fjouwer lytse einen yn har nêst
allegearre krekt út it aai
op in moaie maitiidsdei
hja piipje allegearre blier

In jonge út de buert
hy komt tichterby de sleat
goait wat yn it nêst
mar gjin stikjes bôle

Want wat de jonge goait
dat is in swiere stien
fan de fjouwer leave einen
oerlibbet der net ien

Ik lês dit kranteberjocht
mar kin it net begripe
want dizze fjouwer alderleafste einen
hja hawwe him dochs neat dien

Ik soe him sizze wolle: Hea jonge,
it is net stoer of cool
watsto hjir dien hast
dizze einen hawwe nammentlik ék gefoel

© Priegel 29/04/2017

maaie 13, 2017 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*