AquaZoo Fryslân en it Alvestêde Bijelint Fryslân fiere mei-inoar Fête de la Nature

maaie 19, 2017 14:27 Fernijd

Bijehotel (foto: Aquazoo Fryslân)

AquaZoo Fryslân en it Alvestêde Bijelint Fryslân fiere op sneon 20 en snein 21 maaie mei-inoar Fête de la Nature, it grutste grassroots natuerfestival fan Nederlân. Yn AquaZoo Fryslân kinne besikers op sneon it Alvestêde Bijelint Fryslân helpe mei it meitsjen fan in bijelint en op snein wurdt der in bijehotel iepene. Bern kinne op beide dagen ek har eigen bijehoteltsje bouwe, meidwaan oan in kleurplatewedstriid en in speurtocht.

Likernôch tachtich persint fan alle itensgewaaksen yn ’e wrâld binne ôfhinklik fan bestowing troch ynsekten. Dat makket bijen ûnmisber foar de natuer. Under oare it brûken fan gif yn lânbou en troch boargers, te min opinoar oanslutende fiedselgebieten en it ôfnimmen fan wylde blomme- en plantesoarten soargje derfoar dat hast de helte fan alle 358 wylde bijesoarten yn Nederlân op de reade list fan bedrige bistesoarten stiet.

Bijehotel en bijelint
Om de wylde bij yn Nederlân stypje te kinnen, wurdt der by de fiering fan Fête de la Nature kommend wykein in bijehotel iepene yn AquaZoo Fryslân. Besikers kinne Marijke de Bie fan it Alvestêde Bijelint Fryslân meihelpe mei it siedzjen fan in bijelint, wat in oaninoar skeakeljen is fan inisjativen dêr’t bijen profyt fan hawwe (waarmte, iten, beskutting, njeskgelegenheid, njeskmaterialen). It folsleine programma fan Fête de la Nature yn AquaZoo Fryslân stiet op www.aquazoo.nl.

maaie 19, 2017 14:27 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*