Anita Terpstra nominearre foar Gouden Strop

maaie 22, 2017 22:16

De Ljouwerter skriuwster Anita Terpstra stiet mei har boek Samen yn de top 5 fan boeken dy’t kâns meitsje op de Gouden Strop. Der wiene mear as tachtich boeken oanlevere foar in nominaasje, dêr’t earder al tolve fan útkeazen wiene.

Moandeitemoarn makke sjueryfoarsitter Anniko van Santen de lêste fiif nammen bekend. Neist Terpstra binne skriuwers Donald Nolet, Ilse Ruijters, Simon de Waal en Felix Weber nominearre foar de priis fan bêste Nederlânsktalige spannende roman.

Boarne: Omrop Fryslân

maaie 22, 2017 22:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*