‘It wie in mearke, folslein mei lakeien’

april 29, 2017 12:54 Fernijd

Foto: Wikipedia/Robert Scarth

Foar de 150 gasten fielde it as wiene se yn in mearke, doe’t se oanskoden oan de dis yn it Paleis op de Dam. “Wol sechtich lakeien”, telde Bastian Stroucken by de “sfearfolle, noflike moeting” mei kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. Willem-Alexander organisearre in spesjaal jierdeismiel foar 150 minsken dy’t krekt as hysels op 27 april har jierdei hiene, en in kroanjier fierden.

Gouden bestek
Stroucken fertelde oer it jierdeismiel mei it keninklik pear yn Met het oog op morgen, mei syn smoking noch oan. Hy hie spesjaal in nije kocht foar de bysûndere jûn. “Yn ien wurd geweldich. De entoeraazje makket fansels de jûn. It paleis, gouden bestek, mei fjouwer moaie glêzen de kûvert.” Ruud Engelbert hie in moai plak oan de grutte tafel, ticht by de kening. “Tige sjyk, echt de protokollen fan in steatsbanket.”

It keninklik pear lokwinske elkenien by it ynkommen al persoanlik. By it miel wie der in strak programma en wie it keninklik pear krekt as de oare gasten oan syn plak bûn. Letter op ’e jûn wie der gelegenheid om mei de kening te praten. “Oer fan alles en noch wat, hiel aardich. In hiel gewoan persoan, hy mong him moai yn ’e groep. Unferjitlik.”

april 29, 2017 12:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.