Utnûging foar ‘Wolkom op ’e lêste tongersdei’

april 21, 2017 12:00

Yn it ramt fan ‘Wolkom op ’e lêste tongersdei fan ’e moanne’ hâldt Tineke Marinus op 4 maaie yn it Provinsjehûs in lêzing mei powerpoint oer Käthe Kollwitz.

Yn ferbân mei Keningsdei is it dizze kear dus op de earste yn stee fan de lêste tongersdei fan ’e moanne!

Oer de lêzing
Op 8 july 2017 sil it 150 jier ferlyn wêze dat Käthe Kollwitz berne waard yn it East-Prusyske Königsberg. Hja ferstoar in pear wike foar de ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn Moritzburg. Se wie troud mei Karl Kollwitz, in húsdokter mei in praktyk yn in earme wyk fan Berlyn. Se waarden alle dagen konfrontearre mei de ellinde fan earmoede, wurkleazens, prostitúsje, alkoholisme en it stjerren fan bern. Yn har wurk mijt Käthe Kollwitz dy tema’s net, likemin as ûnderwerpen oer oarloch en geweld, mar se lit ek de relaasje tusken de mem en har bern sjen. Yn har persoanlik libben hat se in soad fertriet meimakke. Har jongste soan Peter kaam yn de Earste Wrâldoarloch yn 1914 om it libben yn Flaanderen en in bernsbern sneuvele yn 1942 yn Ruslân. Käthe Kollwitz wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Dútske keunstners fan de tweintichste iuw. It wurk fan de sosjaalmaatskiplik tige belutsen keunstneresse bestiet út in grut tal tekeningen, etsen, litografyen, houtfiken en byldhoukeunst. Mei de komst fan Das Dritte Reich waard har wurk ta ‘entartete Kunst’ ferklearre. It wurk fan Käthe Kollwitz is hjoed-de-dei noch altyd tige oertsjûgjend.

Plak en tiid
De lêzing is op tongersdei 4 maaie yn it Provinsjehûs, begjint om 12.30 en duorret omtrint in oere. De ynrin is tusken 12.00 en 12.30 oere. De lêzing is yn it Nederlânsk, fergees en frij tagonklik foar elkenien.

Oer de sprekker
Fyftich jier ferlyn siet Tineke Marinus yn de eksamenklasse fan kweekskoalle Mariënburg yn Ljouwert. Se makke doe in skripsje oer de Dútske keunstneresse Käthe Kollwitz. Yn de jierren dy’t folgen bleau har belangstelling foar dy keunstneresse en ferdjippe se har fierder yn har wurk. Oant har pensjoen yn 2008 wurke Marinus yn it basisûnderwiis.

Wolkom op ’e lêste tongersdei fan ’e moanne
It Provinsjehûs iepenet oars elke lêste tongersdei fan ’e moanne de doarren foar it publyk. Dan wurde dêr nijsgjirrige, leechdrompelige aktiviteiten yn ien fan de publyksromten organisearre. Soms troch de Provinsje sels, soms troch ynwenners, mar altyd foar de ynwenners fan de provinsje.

In oersjoch fan alle Wolkom-aktiviteiten is te finen op www.fryslan.frl/wolkom.

april 21, 2017 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*