Gedicht Tytsjerk

april 29, 2017 07:00

Sint Vitustsjerke, Tytsjerk
foto: Wikipedia

Tytsjerk

De beammen binne wachters lâns it hôf.
De stiennen steane yn ’e rige
en …….
hja wachtsje.
En yn myn tinzen
sjoch ik de minsken foar my
as ik de nammen lês.
En ek hja wachtsje.
Ja ……
alles wachtet
op dy Dei,
as de Heare
harren roppe sil,

ta Him.

Nelly Hoekstra-van Meekeren
nei 1 Tessalonikers 4: 13 – 18

 

 

 

 

 

 

april 29, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.