Robúste stimulâns Frysk taalgebrûk troch sosjale media

april 2, 2017 14:39

Ien konklúzje fan de presintaasjes op de Lededei fan de Fryske Akademy is wol dat it gebrûk fan sosjale media in goeie saak is foar de Fryske taal. Op sneon 1 april kamen de leden fan de Fryske Akademy gear yn de Koperen Tún foar de jierlikse gearkomste. In dikke fyftich leden harken nei in ferskaat fan prima presintaasjes oer ‘It Frysk yn de digitale mienskip’.

Edwin Klinkenberg begûn mei in oersjoch fan de stân fan saken en resultaten fan de Taalsurvey ‘Taal yn Fryslân’. It giet om in saneamd taalsosjologysk ûndersyk dêr’t yn sjoen wurd nei it gebrûk fan Frysk troch de Friezen. Hy joech in oersjoch fan de skiednis fan taalûndersyk yn Fryslân en de wichtichste foarfallen dêryn dy’t in grutte ynfloed hawwe op it Frysk. De lêste bygelyks is de Taalwet fan 2014. Neist ûndersyk troch de Fryske Akademy wurdt der ek noch ûndersyk dien troch de Provinsje sels nei taal: de Fryske Taalatlas. Yn 2015 wie de lêste.

It ûndersyk jout trends oan yn it gebrûk fan it Frysk. It feroarjen fan en tal fan saken yn de maatskippij hawwe fansels ynfloed op it gebrûk fan it Frysk. Dêrom wurd it ûndersyk ek oanpast om dy feroaringen mei te nimmen. Sa wurdt bygelyks it gebrûk fan it Frysk op sosjale media ek meinommen.

Drompel leger
De resultaten binne noch net allegearre ferwurke en koene dus noch net folslein presintearre wurde. Wol is dúdlik dat bygelyks 89% fan de ynwenners fan Fryslân oanjout dat se it Frysk fersteane en dat 66% faak of sa no en dan it Frysk brûkt op app of sms. Op Facebook brûkt 57% faak of sa no en dan it Frysk. Dúdlik is dat de drompel om it Frysk te brûken folle leger leit mei sosjale media en dat minsken it gauwer brûke.

Skoallen
Ut ynterviews mei respondinten blykt dat se fan betinken binne dat der te min oerdracht is fan it Frysk troch skoallen. Skoallen hawwe gjin posityf effekt op it brûken fan it Frysk. Op termyn sjogge minsken ek wurden ferdwinen. Dêr stiet foarnoer dat bern mear kânsen hawwe om it Frysk te brûken as foarhinne.

Liesbeth Jongbloed-Faber gie fierder yn op it brûken fan it Frysk op sosjale media. Wêrom is it wichtich om dêr ûndersyk nei te dwaan? Dat is it omdat minsken folle mear kommunisearje fia de sosjale media. Foar in grut diel hat it de kommunikaasje fia telefoan en e-mail, mar ek it persoanlike kontakt oernommen. Ut har ûndersyk blykt dat fan jongelju dy’t thús Frysk prate 44% ek op harren Facebookprofyl yn it Frysk kommunisearje. 62% docht dat yn ien-op-ienkontakten op Facebook. Op Whats-app brûkt 69% it Frysk (yn in groep) en 78% by ien-op-ienapp’kes.

Opmerklik resultaat is dat 92% fan de respondinten oanjout yn it Frysk te antwurdzjen as se in berjocht yn it Frysk krije. Mei oare wurden, as wy wolle dat mear minsken it Frysk brûke, moatte wy der sels mei begjinne.

It gebrûk fan it Frysk op sosjale media hat te krijen mei trije ‘determinanten’: eigen skriuwfeardigens, oandiel fan Fryske kontakten yn it gehiel fan de kontakten en de hâlding foar it Frysk yn it algemien oer.

Nika Stefan seach yn har ûndersyk nei de taalfariaasje op de sosjale media. Mei oare wurden: wol Frysk brûke yn de kommunikaasje, mar net neffens de regels. Har idee is dat wy it gebrûk fan it Frysk op sosjale media stypje moatte, en net dêrnei deselde jongerein ûntmoedigje moatte troch te sizzen dat it brûkte Frysk net geef wie. Har ûndersyk lit sjen dat minsken dy’t it faker brûke it fansels better begjinne te skriuwen.

Minsken jouwe oan dat it skriuwen yn it Frysk in útdaging is. Se moatte neitinke oer wurden en stavering. Se geane op sa’n stuit bewust mei de taal om. En dat is no krekt wat nedich is om de stavering fierder te ferbetterjen. Mei oare wurden: yn de rin fan ’e tiid wurdt de stavering fansels better. It skriuwen fan it Frysk fergruttet fansels de taalkennis.

Ut namme fan de Provinsje Fryslân joech Nienke Jet de Vries in oersjoch fan de wichtichste digitale helpmiddels foar it stypjen fan de Fryske taal. Foar it better skriuwen, praten en ferstean fan it Frysk. Foar bern en foar âlden. Der binne nochal wat produkten en inisjativen dy’t Friezen mar ek net-Friezen helpe kinne om it Frysk yn ’e macht te krijen. It belied fan de Provinsje is derop rjochte om safolle mooglik minsken yn ’e kunde te bringen mei wat beskikber is op it mêd fan it learen fan it Frysk. Der is genôch. It giet dêrom dat minsken it witte en der gebrûk fan meitsje.

De lêste sprekker, Jelske Dijkstra, fertelde oer it ûndersyk nei ûntwikkeling fan de Fryske taal oan de hân fan analyze fan lûdsfragminten fan Omrop Fryslân. In protte radio-útsjoeringen binne of wurde oerset nei digitale bestannen. Oan ’e hân dêrfan kinne ûndersikers sjen nei de ûntjouwing fan it Frysk yn it ferline en foarsizze wat dat foar de takomst betsjut. Dy lûdsfragminten komme ek beskikber foar bygelyks sjoernalisten, programma-makkers en it grutte publyk. Wa’t bygelyks ris hearre wol wat der yn it ferline sein is oer in doarp of stêd op Omrop Fryslân kin dat dwaan mei in ienfâldige sykopdracht.

 

 

april 2, 2017 14:39
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Willem Riemersma april 2, 19:50

    “Opmerklik resultaat is dat 92% fan de respondinten oanjout yn it Frysk te antwurdzjen as se in berjocht yn it Frysk krije. Mei oare wurden, as wy wolle dat mear minsken it Frysk brûke, moatte wy der sels mei begjinne.”, seit Liesbeth Jongbloed-Faber.

    En sa is’t en net oars! En dat helpt, yn in opgeande spiraal fan inoar fuotsterkjende taalfeardigens en bewustwurden.

    “Har ûndersyk lit sjen dat minsken dy’t it faker brûke it fansels better begjinne te skriuwen.”, oer Nika Stefan.

    Sjoch ik mei namme en tanamme om my hinne, foaral yn it doarp dêr ‘t ik oan skoalle stean. Kwaliteit folget kwantiteit en kin my earnst en betidenin knypeach ferbettere wurde. Earst kontakt meitsje en doarre.

  2. Cor Jousma april 4, 14:34

    Yn de fiifentweintich jier topografyske wurkgroep hat nimmen ea it fingerke by it ferbetterjen brûkt. Wy jouwe it goede wurd yn it antwurd werom. In goede fersteander hat ommers oan in heal wurd genôch!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.