Oprop skiedend haadredakteur Friesch Dagblad

april 21, 2017 12:13
Lútsen Kooistra, skiedend fan syn post as haadredakteur fan it Friesch Dagblad en yn syn funskje yn hâlden en dragen al langer lyn skaat fan de oarsprong en dêrmei ferbûne kearn fan de feitlik bedobbe missy fan ‘De krante’: it belang fan kristlik ûnderwiis.

Skiedend haadredakteur Friesch Dagblad ropt op Omrop Fryslân Nijs op ta neitinken: “Wêr stean ik foar…”

As lêzer mocht ik faak graach oer de haadartikels fan Lútsen Kooistra. Breed fan tema en oereidzjend, al wie it gauris te beheind ta globale problematyk, hoe paradoksaal as it ek klinke mei. Hie yn ‘dizze’ tiid ek de byhearrende ynstek fan in opinion-BEgelieder. De measte minsken hawwe ommers op skoalle gien en fierder leard. Lykwols, bytiden en mear as dat – yn prinsipe sels 7 – is fan in haadredakteur fan de iennichste provinsjale kristlike krante yn Nederlân – ja, dat is it Friesch Dagblad – dochs oars en mear fereaske: in opinion-lieder. As it giet om saken dy’t faai steane en fan libbensbelang binne, geastlik libbensbelang alteast. Just sjoen de oarsprong en skiednis fan it FD: kristlik ûnderwiis fan en foar de ‘kleine luyden’ fan hûndert jier lyn, en foar kristenen fan no…

Op dat stik hat er te folle dien wat Hendrik Algra – net minder in goed skriuwer, mar oarsom yn koers jaan in robúst persoan – nea woe. Algra sitearre foar de oarloch prof. dr. Schilder syn útspraak oer gearwurking mei ferliedlike bedrigers fan de prinsipes fan kristlike polityk: “Wij volgen géén grijze vanen ….” In útspraak dy’t stie en stiet as in dyk. Fan ûnfersetlikheid. Is yn diel II fan it boek oer de skiednis fan ‘de krante’, ûnder redaksje fan Oek de Jong, soan fan Klaas de Jong Ozn. – in eardere haadredakteur fan it FD –, werom te finen, mei kontekst en antesedinten (p. 108).

In ‘ienfâldich’ tinker wie ek Hendrik Algra bepaald net. De histoarikus Geyl, lykas Algra ek yn St. Michelsgestel yn Brabân gizelder fan de Dútsers, achte Algra nei it hearren fan ien fan syn lêzings sûnder omhaal “professorabel”. Mar Algra wie mear en foaral dat: in man mei in kearsrjochte rêch en rêchbonke, as it om kristlike polityk en foaral DE KRISTLIKE SKOALLE gie. Yn ynstek en optreden deselde statuer as Pieter Sjoerds Gerbrandy, de fan Snits ôfkomstige minister-presidint yn ballingskip yn Londen. Gerbrandy’s foarich jier ferstoarne biograaf Fasseur skreau oer him, as it om saken fan libbensbelang gie: “Een lam voor zijn vrienden, een leeuw voor zijn tegenstanders”.

Kooistra hat mei it iensidich ynheljen fan pleitstikken fan lanlike organisaasjes fan kristlik ûnderwiis ek noch, foarstanners fan gearwurkingsskoallen fan kristlik en iepenbier ûnderwiis as hynders fan Troje yn ’e hûs helle. En wegere stikken dy’t soks mei namme en tanamme en op ynhâld oan ’e kaak stelden. Ik kin dêr oer meiprate… It oanbelangjende lanlike ûnderwiisburo hat it fansels wol fan my krigen. Yn it ramt fan folslein iepen fizier. En ik krige in respektabele útnoeging werom foar petear.

In aardich man, Kooistra, dat leau ’k fuort, mar ek eangstfallich en al te taastend. Mooglik troch syn filosofyske ynslach. Alles goed, mar betochtsumheid moat pearje mei dúdlikheid. De statuer en rêchbonke fan in Algra wiene haadredakteur Kooistra yn de kearn frjemd. En dêr hawwe just it kristlik ûnderwiis en syn organisaasjes mear as ea wer ferlet fan. Fan beide. En binne dêr troch brek oan beide mei achterút holpen. Kooistra hat der net foar stien, op syn bêst mûskestil oer swijd. Yn elts gefal de poarten fan Troje iepenset. Dy prinsipiële kant ha ’k him earder oer skreaun, mei in tsjinartikel. Hy woe der neat fan witte, hat it neist him dellein en net printe.

Hooplik is de nije haadredakteur minder in man of frou fan ‘grijze vanen’, mei minder keunst- en fleanwurk, en ‘pappen en nathouden’ of slimmer noch as dat. Mar mei it findel foar: ynearsten foar kristlik ûnderwiis, as oarsprong fan ‘de krante’. Want it is om it bern te rêden. Om bern op in kristlike skoalle by Jezus te bringen, al is it mei lekken en brekken en mei fallen en oereinkommen. As earste en iennige legitimaasje fan kristlik ûnderwiis, sûnder konstruksje en ynterpretaasje fan it Bibelske Bliid Boadskip as wie it net mear as in bondel fan ‘ferhalen en myten’. As bynmiddel foar ‘onzalige’ fúzjes en gearwurkingsferbannen, sûnder kleur en rook en smaak. En tagelyk mei romte foar krityk op guon pommerantematen, dy’t foar artikels mei ynkonsekwinte stellings en achternei selsrjochtfeardigjende strekkings romte krigen, sûnder romte foar tsjinreaksje.

Dat findel fan koers en earlikheid ha ’k úteinlik wat langer wat mear by Kooistra mist. Ik bin dêrom slim teloarsteld en abonnee ôf fan it FD wurden. Nei hast 40 jier fan lêzen en foar de goeie saak te beteljen, tocht ik…. Ik sis it de minsklik grutte Pieter Jelles Troelstra hjir yn oar ferbân mar nei: “Ik heb me [deerlijk] vergist…” It is him iepenlik sein wurden, want achter de rêch, dêr hâld ik út noch yn net fan.

Yn it Lutherjier giet my gauris syn sizzen troch de holle: ”Hjir stean ik, ik kin net oars”. Skande, by Kooistra wie it op dit stik krekt it omkearde: “Hjir stean ik, ik kin ek oars…”

Dit stik is troch it FD net pleatst, de LC koe it net pleatse en Omrop Nijs hat myn reaksje nei in skoftsje ûnder it parsebrjocht weihelle.

Noch efkes, en de geast fan Putin ‘waart hier rond’. Nederlân hat gauris lûdroftich boadskip foar oare lannen en lieders. Lykwols, hjir binne bytiden de pypkes ek al fierstente koart…

Willem Riemersma, Feanwâlden

april 21, 2017 12:13
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. teije brattinga april 21, 16:15

    It is my net rjocht dúdlik wat Riemersma krekt wol en wat neffens him by de haadredakteur fan it Dagblad net in kâns krige.

  2. Willem Riemersma april 21, 17:01

    Hear Brattinga: alles stiet der yn: oan ferskil tusken jongste oprop en brek oan eardere died, oan brek oan rjochte rêch en brek oan rêchbonke.
    It is neffens mjitstêven fan fetsoen net nóch dúdliker te sizzen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*