Omrop Fryslân op folle toeren

april 21, 2017 06:00

Wa wurdt de King of Dirt? Oftewol: wa wint de Kings Battle yn Blauhús? Op tongersdei 27 april stjoert Omrop Fryslân dy autocrossraces fan 13.00 oant 18.00 oere live út op telefyzje. De registraasje is ek online te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

It programma wurdt presintearre troch Miranda Werkman en it kommentaar komt fan Freark Wijma en Roelof Reitsma. Ferslachjouwer Jantine Weidenaar is de hiele dei tusken de minsken en de auto’s te finen om ferslach te dwaan fan al it barren op dy dei. Minsken kinne ûnder de útstjoering witte litte dat sy meisjogge mei #KB17. It is ek mooglik om de races yn it bûtenlân te folgjen mei in Ingelsktalige stream fia Omropfryslan.nl/live.

Jûns om 18.20 oere, en dêrnei alle oeren, is in kompilaasje te sjen. Yn dy útstjoering binne ûnder oare fjouwer portretten fan Kings Battle dielnimmers te sjen. Dy minsken wurde ek yn de races folge én fertelle se fansels nei de race hoe’t it gie.

In ûnderdiel fan de Kings Battle is de Omrop Fryslân caravanrace, wêrby’t de dielnimmers besykje om as langst mei de (hiele) caravan op it parkoers te riden. De winner nimt de Omrop-bokaal mei nei hûs en de bêste trije winne in barbecue.

Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/racing en Fac-autocross.nl.

april 21, 2017 06:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*